Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

Slach by Mole Lake

Slach by Mole Lake
datum: 1806
plak: noardeastlik Wiskonsin
útkomst: oerwinning fan 'e Odjibwe
konfliktpartijen
Odjibwe Dakota
befelhawwers
Grutte Marter ûnbekend
sterkte
hûnderten hûnderten
ferliezen
yn totaal (mei fijân) 500 deaden yn totaal (mei fijân) 500 deaden
kaart
Slach by Mole Lake (Wiskonsin)
Slach by Mole Lake
Lokaasje fan 'e Slach by Mole Lake yn 'e Amerikaanske steat Wiskonsin.

De Slach by Mole Lake wie in fjildslach dy't yn 1806 útfochten waard tusken de Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, en de Dakota, om 'e beskikking oer de wylde rysfjilden yn wat no Forest County is, yn it noardeastlike part fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin.

Ferrin

Neffens de mûnlinge oerlevering fan 'e Sokaogon Tsjippewa Mienskip, de federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje dy't fuortkomt út 'e Mole Lake-Tsjippewa, wie it earste opperhaad fan 'e troep in Gitshee Ki-ji-wa-be-she-shi, dat "Grutte Marter" betsjut. Eltse simmer kaam de troep by de Mole-mar om te fiskjen en te jeien, en hjerstmis rispe men de wylde rys dy't yn 'e sompen om 'e mar hinne groeide. Neitiid folgen se de keppels harten nei de rivier de Peshtigo om dêr de winter troch te bringen.

Yn 1806 kamen ferskate troepen Dakota út it noarden en westen wei del en besochten om it gebiet om 'e mar hinne te feroverjen. It wie harren te dwaan om 'e rysfjilden en de fêste itensfoarrie dy't dy fertsjintwurdigen. De Odjibwe beaen fûleindich ferset mei pylk-en-bôge en mei de tomahawk, sadat der in lange, drege fjildslach ûntstie dêr't oan wjerskanten hûnderten krigers oan meidiene. Mear as 500 Odjibwe en Dakota sneuvelen yn dat treffen, en waarden nei de slach begroeven yn ien mienskiplike grêfheuvel. Uteinlik behellen de Odjibwe de oerwinning. Foar de Dakota wie it in djoere en pynlike nederlaach; hja loeken har werom nei it westen ta, yn wat no súdlik Minnesota is, en kamen nea werom yn Wiskonsin.

It tinkteken foar de fjildslach, yn it Mole Lake Yndianereservaat.

Yn 1962 rjochte de Sokaogon Tsjippewa Mienskip in tinkteken foar de Slach by Mole Lake op. Dat stiet yn 'e berm fan 'e snelwei Wisconsin Highway 55, by it doarp Mole Lake, yn it Mole Lake Yndianereservaat.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Kembali kehalaman sebelumnya