Pas ûnder de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje, fan 1934, wisten de Mole Lake-troep en de eastlike helte fan 'e St. Croix-troep harren te reorganisearjen. Yn 1937 slagge it de Mole Lake Troep fan Boppemarder Tsjippewa, sa't de stamme doe hiet, lang om let en win ûnder lieding fan it opperhaadWillard Ackley syn federale status en reservaat werom.
Oan 'e ein fan 'e 1960-er jierren waard der deunby it Mole Lake Yndianereservaat fan 'e Sokaogon Tsjippewa Mienskip sink- en kopererts yn 'e grûn oantroffen. Neitiid waard fêststeld dat it dêrby om ien fan 'e rykste fynsten op dat mêd yn 'e skiednis fan Noard-Amearika gie. It plan om der in myn te fêstigjen (de saneamde Crandon-myn) om 'e erts te eksploitearjen, mette lykwols fûleindige wjerstân fan miljeu-aktivisten, de Sokaogon Tsjippewa Mienskip en de oanbuorjende Forest County Potawatomy Naasje. Dêrtroch ûntstie in kontroversjele ympasse dy't goed tritich jier oanhold, oant de beide stammen yn 2002 in rjochtsaak foar it Amerikaansk Heechgerjochtshôf wûnen dy't eksploitaasje fan 'e Crandon-myn ekonomysk ûnoantreklik makke. Dêrnei koene se de myn yn 2003 opkeapje foar $16,5 miljoen oan jild dat se fertsjinne hiene mei harren respektivelike kasino's, sadat plannen foar eksploitaasje fan 'e myn foargoed tsjinholden waarden.
Demografy
De leden fan 'e Sokaogon Tsjippewa Mienskip binne etnyskeOdjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, dy't ta de subgroep fan 'e Boppemarder Tsjippewa hearre. De Odjibwe foarmje in grut Algonkwynskfolk dat yn it gebiet fan 'e Grutte Marren yn sawol de Feriene Steaten as Kanada libbet. De Sokaogon Tsjippewa Mienskip is ien fan 22 ûnderskate stamme-organisaasjes mei federale erkenning dy't yn 'e Feriene Steaten de Odjibwe fertsjintwurdigje. Neffens gegevens út 2015 hie de stamme doe sa'n 1.500 leden.
Reservaat
De Sokaogon Tsjippewa Mienskip hat in eigen Yndianereservaat, it Mole Lake Yndianereservaat, dat yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steatWiskonsin leit. It bestiet út in stikmannich net opinoar oanslutende perselen grûn yn Forest County. Yn totaal hat it reservaat in oerflak fan 19,8 km². Neffens gegevens út 2015 wennen der doe likernôch 500 minsken yn it reservaat, wat delkomt op in trêdepart fan 'e leden fan 'e Sokaogon Tsjippewa Mienskip. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn it doarp Mole Lake, dat ûnder de gemeente (town) Nashville falt.
Bestjoer
De Sokaogon Tsjippewa Mienskip wurdt bestjoerd troch in stammeried dy't by mei geregelde tuskenskoften op demokratyske wize holden ferkiezings keazen wurdt troch de leden. De stamme runt in eigen kasino, it Mole Lake Casino and Bingo, mei't men op reservaatlân net bûn binne oan it steatsferbod op gokken dat yn Wiskonsin fan krêft is.