Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

Souder

In souder.

In souder is de boppeste ferdjipping fan in gebou, direkt ûnder it dak. Meastal giet it dêrby om gebouwen mei in skean dak (lykas in sealdak, in wolfsdak, in skylddak of in puntdak). Sadwaande hawwe de measte souders teminsten twa wanden dy't skean omheech rinne en yn 'e midden byinoar komme. Fan gefolgen kin men net op 'e hiele souder rjochtop stean of rinne. Hat de boppeste ferdjipping fan in gebou alhiel gjin skeane wanden, dan mist it ien fan 'e wichtichste karakteristike fan in souder en wurdt it meastal ek net sa neamd. Oan 'e oare kant wurde by moles en tuorren ek de legere ferdjippings oantsjut as souders.

It wurd 'souder' komt oarspronklik fan it Latynske solarium. De oantsjutting 'souder' (of soudering) wurdt ek wol brûkt foar it plafon fan legere ferdjippings, al wurdt dêrby yn it Frysk ta ûnderskie fan 'e wiere souder faak de oantsjutting 'keamer-' ta foege: de keamerssouder. De reden dêrfoar is wierskynlik dat de measte huzen foarhinne út mar twa ferdjippings bestiene, en dat it plafond fan 'e ûnderferdjipping dêrom de ûnderkant fan 'e souder wie.

Souders wurde faak brûkt foar de opslach fan guod dat men net fuort dwaan wol, mar dêr't men likemin (faak) ferlet fan hat. Ek wurdt it gauris brûkt as in plak om 'e wask op te hingjen om te drûgjen. Fierders is yn in protte wenten de cv-tsjettel op 'e souder ynstallearre. Likegoed komt it foar dat in souder brûkt wurdt as ekstra sliepkeamer (faak foar wat âldere bern) of as studearromte. As in souder sa grut is dat der ien of mear keamers yn ôftimmere wurde kinne, dan wurde sokke fertrekken souderkeamers neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Kembali kehalaman sebelumnya