Yurizan Beltran, echte namme: Yurizan Beltrán Lebanue (Los Angeles, 7 novimber 1986 - Bellflower (Kalifornje), 13 desimber 2017),[1] wie in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't earder ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Yurizan en Yuri Luv.
Libben en karriêre
Beltran wie hikke en tein yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Har heit wie in Frânsk-Kanadees, ôfkomstich út 'e provinsje Kebek, wylst har mem fan Brazyljaansk komôf wie. Yn 2005 sette Beltran útein mei har eigen eroatyske webside, SweetYurizan.com, wêrby't se har yn 't earstoan beheinde ta neakenfotografy. Yn 2010 makke se har debút yn in pornografyske film.
Dêrnei spile se yn hast 100 pornofilms, wylst se dêrnjonken yn 2008 ek in roltsje hie yn 'e mainstream-horrorfilm Werewolf in a Women's Prison. Yn totaal waard Beltran seis kear nominearre foar in AVN Award (de Oskars fan 'e pornowrâld), en dêropta ien kear foar in XRCO Award en twa kear foar in NightMoves Award. Yn 2016 beëinige se har karriêre yn 'e pornoyndustry. Op 13 desimber 2017 waard se dea oantroffen yn har hûs yn Bellflower (Kalifornje). Beltran waard 31 jier âld. De plysje fermoede dat de deadsoarsaak in oerdoasis drugs wie.
Prizen en nominaasjes
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes