Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

Horror

In yllústraasje fan Poe syn The Raven, troch Gustave Doré.

Horror (fan it Ingelske, oarspronklik út it Latynsk ôfkomstige wurd foar "ferskrikking" of "ôfgriis") is in sjenre yn 'e literatuer en film wêrby't it de bedoeling fan 'e skriuwer of regisseur is om 'e lêzers/sjoggers bang of kjel te meitsjen en gefoelens fan eangstme en/of ôfgriis by har op te roppen troch in grizelige sfear te skeppen. Horror kin boppenatuerlike eleminten of wêzens befetsje (lykas fampieren, spûken of sombys), mar dat hoecht net, want in geastlik steurde searjemoardner, om mar in foarbyld te neamen, kin sûnder beswier deselde rol ferfolje. As der al boppenatuerlike eleminten yn it ferhaal foarkomme, skoarret horror dêrmei hiel deun oan tsjin in oar sjenre, nammentlik fantasy. Gauris kin de ferskrikking dy't it mulpunt fan in horrorwurk foarmet, ynterpretearre wurde as in metafoar foar de bredere eangstmen fan in maatskippij as gehiel.

Skiednis

De woartels fan 'e horror geane werom op Midsiuwske folksferhalen, mearkes en religieuze tradysjes dy't har rjochten op 'e dea, it hjirneimels, it kwea en demoanen. Dêryn kamen boppenatuerlike wêzens foar as heksen, fampieren, wearwolven, mummys, sombys en spûken. De Goatyske roman fan 'e achttjinde iuw griep werom op dy boarnen, mar geat se yn in nije foarm. It wichtichste foarbyld fan dy iere horror is de roman Castle of Otranto, fan 'e Ingelske skriuwer Horace Walpole, út 1764. By de earste edysje dêrfan waard beard dat dat in wiere Midsiuwske roman út Itaalje wie dy't ûntdutsen en oerset wie troch in fiktive wittenskipper. Doe't de wierheid oan it ljocht kaam, fûnen de measte minsken it in anagronistysk wurk of gewoan wansmaaklik. Likegoed waard Castle of Otranto tige populêr.

In byld út 'e film Dracula, út 1958, mei Christopher Lee as greve Dracula.

Oare Goatyske romans folgen, lykas Vathek (1786) fan William Beckford, The Mysteries of Udolpho (1794) fan Ann Radcliffe, en The Monk (1797) fan Matthew Lewis. In grut diel fan 'e horror út dy perioade waard skreaun troch froulju foar froulju, mei as wichtichste senario in fernimstige jonge heldinne dy't hjitfolge waard yn in nearzich kastiel. Underwilens wie yn Dútslân in soartgelikens sjenre, dat fan 'e Räuber- und Schauerroman yn 'e moade rekke, wylst de horror yn 'e Ingelske literatuer oersloech fan proaza nei poëzij mei de saneamde graveyard poems.

Yn 'e njoggentjinde iuw ûntjoech de Goatyske roman him ta it moderne horrorsjenre, mei ferneamde wurken as Frankenstein (1818) fan Mary Shelley, The Pit and the Pendulum (1842) en The Raven (1845) fan Edgar Allan Poe, The Strange Case of Dr. Jekyll and Mr Hyde (1886) fan Robert Louis Stevenson, The Picture of Dorian Gray (1890) fan Oscar Wilde, en Dracula (1897) fan Bram Stoker. Tsjin 'e ein fan 'e iuw late de fermannichfâldiging fan goedkeape pulpbledsjes ta in wiere eksploazje yn it horrorsjenre. Ynfloedrike skriuwers út it begjin fan 'e tweintichste iuw wiene û.m. H.P. Lovecraft, dy't mei syn Cthulhu Mythos in pionier wie fan it subsjenre fan 'e kosmyske horror, en M.R. James, dy't it spûkferhaal in nije foarm joech.

De filmyndustry liet him frijwol daliks ynspirearje troch de horrorliteratuer, sadat der al ier horrorfilms makke waarden. Lykwols wiene dy betide horrorfilms fanneeds mar frijwat amateuristysk, en pas fan 'e sechtiger jierren ôf koene de films de literatuer yn grizeligens belykje, mei de saneamde slasher- en splatterfilms. Tsjintwurdich is Stephen King ien fan 'e bekendste horrorskriuwers, mei wurken as Carrie, The Shining, It, Misery en withoefolle oaren. Oare populêre horrorskriuwers binne Dean Koontz, Brian Lumley, James Herbert, Clive Barker, Ramsy Campbell en Peter Straub. Wylst de filmyndustry horror gauris kombinearret mei humor, lykas yn 'e Scream-filmrige, wurdt horror yn 'e literatuer no ek faak fermongen mei oare sjenres, lykas mei urban fantasy yn 'e boeken fan Carrie Vaughn, en mei eroatyske literatuer yn 'e Goatyske romans fan Anne Rice.

Formule

Horrorfilms folgje faak in tal fêste patroanen en formules. In tal fan dy klisjee- of formuleferskynsels waarden beneamd yn de ‘tûke’ horrorfilms Funny Games en Scream (1996). It personaazje Randy út de Scream-films ûnderwiist syn freonen yn de films sels oer sokke regels fan de horrorfilms:

In byld út 'e film Dracula, út 1931, mei Béla Lugosi as greve Dracula.
  • In personaazje (of stel) oerlibbet yn de horrorfilm Dat is meast it oantreklikste personaazje en/of spiler troch de bekendste akteur/aktrise. By de titels dy’t har ûnderskiede troch willemoeds fan dy formule ôf te wiken, hearre ûnder oare Funny Games, Wolf Creek en The Strangers.
  • De oanfallenen yn in horrorfilm ferwiderje it wapen selden fan it lichem fan de skynber deade of bewustleaze moardner, dy’t dêrtroch yn in folgjende sêne fannijs oanfalle kin of yn it neat ferdwûn liket te wêzen. In foarbyld fan in personaazje dêr’t dit faker as ienris by bart is Michael Myers út de Halloween filmrige.
  • Faak bestiet in groep haadpersonaazjes út oerdreaun klisjeemjittige karakters. In groep hat meastentiids op syn minst ién sterk op seks rjochte personaazje, ién yntrovert en/of ûnderskat personaazje dat letter heldhaftich út ‘e hoeke komt en ién lûdroftich populêr personaazje. Foarbylden fan sokke gearstallings binne te sjen yn ûnder oare Halloween (1978), Friday the 13th (1980) en The Faculty.
  • In sterke oanwizing yn it begjin fan de film dat der dúdlik wat net doocht op in beskate lokaasje wurdt sûnder acht yn de wyn slein troch inkelde personaazjes, dy’t dêrby wol deeglik dêrtroch warskôge meipersonaazjes oerhelje dochs op it plak fan it ûnheil te ferskinen of te bliuwen.
  • It is gjin goed idee foar in personaazje yn in horror om te freegjen oft der immen is of wa’t der is.
  • It is gjin goed idee om in frjemd lûd te ûndersykjen.
  • As de protagonist in auto wit te berikken, docht dy it de earste kear noait.
  • As in protagonist konfrontearre wurdt mei de antagonist fan it ferhaal, flechtet er/se meast nei in plak sûnder útwei lykas in souder of kelder, yn stee fan nei bûten troch de foardoar.
  • As in personaazje yn in horrorfim ienkear seks hân hat, wurde syn/har oerlibbingskânsen in stik minder.
  • It brûken fan drank en drugs betsjut ek in lytsere kâns op oerlibjen.
  • In personaazje yn in horrorfilm dat de groep ferlit en dêrby oanjout dat er/se daliks werom is, wurdt meast it folgjende slachtoffer.
  • Neidat de antagonist sa’t it liket ferslein is, komt er altyd noch in kear werom foar in lêste oanfal.
  • Yn in sequel falle mear slachtoffers.
  • De stjersênes yn in sequel binne plastysker.
  • Yn in tredde diel mei ferwachte wurde dat gegevens út de eardere dielen dochs noch ûnwier blike te wêzen troch in nije, ûnderlizzende ferhaalline.
  • Aksjes dy’t personaazjes yn eardere dielen ûndernommen hawwe, kinne har fan it tredde diel ôf tsjin har keare.
  • Fan in tredde diel ôf kin de moardner wolris boppenatuerlik en hast ûnferwoastber blike.
  • Yn it tredde diel kin eltsenien in deadlik slachtoffer wurde, ek it haadpersonaazje. As it om in ôfslutend diel fan in trilogy giet, is it personaazje dochs net mear nedich foar in letter momint.

Subsjenres

As subsjenres fan horror kinne sjoen wurde:

J-Horror

De Aziaten ha in ferlykbere skiednis kwa lingte fan de histoarje fan de horrorfilm as Jeropa en de Feriene Steaten. Dochs wiene Aziatyske produksjes begjin 21e iuw ynienen ferantwurdlik foar it opkommen fan in populêre stream horrorfilms yn it westen. Dêrby giet it sawol om de Japanske, Koreaanske, Sineeske ensfh. produsinten sels, as om in rige Amerikaanske remakes dêrfan.

It relatyf breed droegen westerske súkses fan de J-Horror-films begûn yn prinsipe yn 2002 mei it útkommen fan The Ring, in westerske remake fan Ringu. Yn it spoar dêrfan folgen remakes fan Japanske films lykas ûnder oare Dark Water (2005) en Ju-on. In grut persinaazje fan de J-Horror-films hat lytse famkes mei lang swart hier, grutte (faak bluodrige) eagen en wetter as fêste yngrediïnten. In oar part part bestiet út eksperimintele, yn it Westen hast net oant net foarkommende, ferhalen en ferhaalstruktueren. In bekende namme yn de lêste subkategory is Takashi Miike, dy’t benammen besiket de grinzen fan it sjokkearjen op te rekken.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Kembali kehalaman sebelumnya