Ierlân is in eilân yn it noardeasten fan 'e Atlantyske Oseaan, dat mei de rest fan 'e Britske Eilannen foar de kust fan Noardwest-Jeropa leit. De term 'Britske Eilannen' is trouwens kontroversjeel yn 'e Republyk Ierlân om't it wurd 'Britsk' assosjearre wurdt mei de Britske oerhearsking fan Ierlân. Dêrom sprekke guon Ieren leaver fan de Noardatlantyske Arsjipel. Ierlân is it op ien nei grutste eilân fan dy eilannegroep, nei Grut-Brittanje, dat mear nei it easten ta en deuner by it Jeropeeske fêstelân leit. Ierlân hat in oerflak fan 84.421 km², en is dêrmei it op twa nei grutste eilân fan Jeropa (nei Grut-Brittanje en Iislân), wylst it wrâldwiid it tweintichste plak ynnimt op 'e ranglist fan grutste eilannen.
In bân fan berchtmen folget de kusten fan Ierlân en omslút dêrmei in leechleine flakte yn 'e midden fan it eilân. De heechste berch fan it eilân is de Carrauntoohil yn it greefskip Kerry, dy't in hichte hat fan 1.038 m boppe seenivo. It westen en noardwesten fan it eilân is rotsich, en it bêste boulân leit yn 'e provinsjeLeinster, yn it súdwesten fan 'e Republyk Ierlân. Oant yn 'e Midsiuwen waarden grutte parten fan it eilân oerdutsen troch wâlden, mar yn 2013 makken bosken noch mar 11% fan it grûngebiet út (foar hiel Jeropa lei dat persintaazje op 35%). De langste rivier fan Ierlân is de Shannon, mei in lingte fan 386 km. It klimaat fan it eilân is in tige tuskenbeiden seeklimaat mei in soad rein. Dêrtroch ken Ierlân in wielderige plantegroei, dêr't it de bynamme 'it Griene Eilân' oan te tankjen hat.
Skiednis
Prehistoarje
Under de lêste iistiid, doe't der sa'n soad seewetter fêstholden waard yn lâniis dat it seenivo folle leger wie, bestiene der lânbrêgen tusken Ierlân en Grut-Brittanje en tusken Grut-Brittanje en it Jeropeeske fêstelân. Sa'n tsientûzen jier lyn, dus om 8000 f.Kr. hinne, gie de lânferbining tusken Ierlân en Grut-Brittanje ferlern troch it stigende seenivo. De ierste bewizen fan minsklike bewenning fan it eilân Ierlân datearje fan omtrint 10.500 f.Kr., hoewol't der pas tusken 8000 en 7000 f.Kr. gruttere oantallen mesolityske lânferhuzers arrivearren, dy't Ierlân mei boaten berikten. Fan likernôch 4500 f.Kr. ôf kamen der nije, neolityske bewenners yn Ierlân, dy't dêr lânbougewaaksen (benammen weet en koarn) fan it Jeropeeske fêstelân yntrodusearren en grutte stiennenemonuminten oprjochten.
De Brûnstiid, doe't der foar it earst metaal brûkt waard, briek yn Ierlân om 2500 f.Kr. oan, doe't der him op it eilân in nije weach lânferhuzers nei wenjen sette. Dat wiene Kelten fan 'e Hallstatt-kultuer fan Midden-Jeropa, dy't de eardere bewenners neitiid stadichoan assimilearren. Der bestiet ûnder histoarisy gjin oerienstimming oer de fraach hoe't de Keltyske ynbesitname fan Ierlân krekt ferrûn is. Tradisjoneel waard derfan útgien dat der ferskate weagen Keltyske lânferhuzers (mooglik fjouwer) wiene, ntl.: de Priteny, wêrfan't ûndúdlik is wêr't se weikamen (of oft se wol wier bestien hawwe), folge troch de Belgae út noardlik Galje en Grut-Brittanje, dêrnei de Laigin út Armoarika en ta einbeslút de Mileezjers út it noarden fan it Ibearysk Skiereilân of it suden fan Galje. In twadde weach fan 'e Belgae soe yn 'e sechsde iuw f.Kr. út noardlik Galje oerkommen wêze; dy lju neamden harsels de Euerni, en dêr soe de namme 'Ierlân' op weromgean. Om't argeologen gjin bewizen fine kinnen hawwe foar grutskalige migraasjeweagen, binne de measte moderne histoarisy fan betinken dat de Kelten folle stadiger en mear ferspraat troch de tiid yn Ierlân kommen binne.
Aldheid en Midsiuwen
De Romeinen, dy't fan 43 ôf it grutste part fan Grut-Brittanje oerhearsken, wiene har goed bewust fan it bestean fan Ierlân, dat se Hibernia neamden, mar besochten nea om it eilân te feroverjen. Ierlân wie yn dy tiid in grimelgrammel fan rivalisearjende keninkrykjes, en dat bleau sa oant de ein fan 'e Midsiuwen. Hoewol't de Midsiuwske Ierske literatuer in ûnûnderbrutsen rige fan hege keningen (de saneamde ard rí) beskriuwt dy't sûnt minskewitten (alteast yn namme) oer it hiele eilân regearre hawwe soene, binne hjoeddeistige histoarisy fan miening dat soks in betinksel wie út 'e achtste iuw, dat bedoeld wie om 'e doetiidske status fan beskate machtige politike klibers te rjochtfeardigjen troch te bearen dat dy sitewaasje altyd al bestien hie. It hege-keningskip waard sadwaande pas histoaryske wurklikheid yn 'e tiid fan 'e Wytsingen en bestie sels fan dy tiid ôf net oan ien tried troch. De wichtichste keninkriken út dizze perioade wiene Munster, Leinster, Konnacht (Ingelsk: Connaught) en Ulster, mei as fyfde it troch de hege keningen regearre keninkryk Mide (Ingelsk: Meathe) mei syn seremoniëlehaadstêd op 'e Heuvel fan Tara.
Yn 1169 fûn op útnûging fan Dermot Mac Murrough (of Diarmait Mac Murchada), de kening fan Leinster, de Normandyske Ynfaazje fan Ierlân plak, wêrby't in leger fan seishûndert Kambro-Normandyskeridders ûnder lieding fan Richard fan Clare, 2e greve fan Pembroke, byneamd Sterkbôge, op 'e Ierske súdeastkust lânen. Yn 1172 naam keningHindrik II fan Ingelân út 'e hannen fan pausAleksander III de titel 'hear fan Ierlân' oan. Dêrtroch rekke de Hearlikheid Ierlân ûnder Ingelske hearskippij, it begjin fan in bân dy't mear as 850 jier bestean bliuwe soe. Iere Normandyske en Ingelske kolonisten yn Ierlân rekken lykwols meitiid alhiel ferierske trochdat se mei de lânseigen Ierske befolking yninoar omtrouden yn in tiid dat der noch gjin religieuze tsjinstellings tusken dy groepen bestiene. Sadwaande wie it Ingelske gesach yn Ierlân tsjin 'e ein fan 'e fyftjinde iuw frijwol hielendal ferdwûn, útsein yn in krite om Dublin hinne dy't bekendstie as The Pale (dêrfandinne it Ingelske sprekwurdThat is beyond The Pale, "Dat leit bûten The Pale", mei de betsjutting 'dêr haw ik gjin ynfloed op').
Yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw waard Ierlân teheistere troch de Grutte Ierske Hongersneed, dy't duorre fan 1845 oant 1852. Nei skatting kamen dêrby 1 miljoen Ieren om troch ferhongering en sykten, wylst nochris 2 miljoen oaren it lân ûntflechten troch te emigrearjen, benammen nei de Feriene Steaten en Kanada. Mei troch it brekme oan help fan 'e Britske autoriteiten foar de hongerjende befolking kaam yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw it Ierske nasjonalisme sterk op. In langjierrige kampanje foar selsbestjoer, dy't plakfûn ûnder lieding fan Charles Stewart Parnell, late yn 1914 ta in healslachtige foarm fan beheinde autonomy. Yn 1916 fûn de Peaske-opstân plak, in nij besykjen fan in lytse groep ekstremisten om ta in folslein ûnôfhinklik Ierlân te kommen. Britske reäksje wie om, nei't de rebûlje yn bloed smoard wie, fyftjin lieders fan 'e opstân te eksekutearjen en mear as tûzen oaren yn it tichthûs te smiten.
In diel fan 'e Ieren gie mei dy opspjalting fan harren lân net akkoart, en begûn ûnder lieding fan Éamon de Valera de Ierske Boargeroarloch tsjin it leger fan 'e Ierske Frijsteat, dat ûnder lieding stie fan Michael Collins. De boargeroarloch einige yn 1923, doe't de tsjinstanners fan it Anglo-Iersk Ferdrach de striid opjoegen. Yn 'e desennia dêrnei distansjearre de Ierske Frijsteat him almar fierder fan it Feriene Keninkryk, en bleau ûnder de Twadde Wrâldoarloch (1939-1945) sels neutraal. Yn 1949 waard de Ierske Frijsteat opheft en de Republyk Ierlân útroppen, wêrby't alle noch besteande bannen mei it Feriene Keninkryk trochsnien waarden.
Underwilens wie yn Noard-Ierlân in kliber protestanten oan 'e macht kommen dy't feriene wiene yn 'e Ulsterske Unionistyske Partij (UUP), en dy't alle middels brûkten om 'e roomsen ûnder de tomme te hâlden. Ein sechtiger jierren kamen de spannings ta útbarsting yn it Noardierske konflikt, wêrby't roomske ('republikeinske') en protestantske ('loyalistyske') paramilitêre organisaasjes (lykas de IRA en de UVF) terroristyskeoanslaggen diene op inoar, ûnskuldige boargers en it Britske leger. Yn totaal foelen der yn it Noardierske konflikt mear as 3.600 deaden, oant yn 1998 it Goedfreedsakkoart sletten waard, wêrby't protestanten en roomsen besleaten om 'e macht yn Noard-Ierlân te dielen.
Demografy
Yn 2017 hie it eilân Ierlân in befolking fan likernôch 6,7 miljoen minsken, wêrfan 4,8 miljoen yn 'e Republyk Ierlân en 1,9 miljoen yn Noard-Ierlân. De grutste stêd op it eilân wie Dublin, de haadstêd fan 'e Republyk, dy't oan 'e eastkust leit en in befolking fan mear as 1,1 miljoen minsken hat. Belfast, de haadstêd fan Noard-Ierlân, komt op it twadde plak mei yn 2005 333.000 ynwenners.
De oarspronklike lânseigen taal dy't op it eilân Ierlân sprutsen wurdt, is it Iersk, in Keltyske taal dy't lykwols tige yn 'e ferdrukking rekke is. As memmetaal wurdt it Iersk yn 'e Republyk Ierlân noch mar sprutsen troch 71.000 minsken (1,7% fan 'e befolking), en yn Noard-Ierlân troch likernôch 2.000 minsken. It Ingelsk, fan oarsprong in útlânske taal, is no foar fierwei it meastepart fan 'e ynwenners fan sawol de Republyk as Noard-Ierlân de memmetaal en deistige omgongstaal. Fierders is der noch it Ulsterskotsk, in dialekt fan it Skotsk dat yn Noard-Ierlân troch sa'n 30.000 en yn Donegal, yn it noarden fan 'e Republyk, troch nochris in 10.000 minsken sprutsen wurdt.
Op it mêd fan religy hinget it meastepart fan 'e befolking fan Ierlân it kristendom oan, hoewol't der in oanwaaksende groep ateïsten en agnosten bestiet (9,8% yn 'e Republyk en 14% yn Noard-Ierlân). De Roomsk-Katolike Tsjerke hat oer it hiele eilân in oanhing fan 73% fan 'e befolking; as men allinnich de Republyk nimt, leit dat persintaazje noch heger, op 87%. Dêrnjonken besteane der ferskate protestantske denominaasjes, dy't yn Noard-Ierlân mei-inoar 48% fan 'e befolking útmeitsje en yn 'e Republyk 4,2%. Fierders binne der dan noch lytse joadske, islamityske, hindoeïstyske, sikhistyske en heidenske mienskippen.