Yn 'e santjinde en achttjinde iuw waard der in soad om Maine fochten troch de Frânsen en Ingelsen en harren respektivelike Yndiaanske bûnsgenoaten, wêrby't oer en wer oerfallen en ynfallen útfierd waarden en lju finzen nommen waarden om se tsjin in lospriis wer frij te litten. Under de Oarloch fan Kening Willem waard in diel fan 'e Abenaky, de sterkste Yndiaanske stamme fan it gebiet, út it binnenlân ferdreaun, en de restearjende Abenaky litten slimme nederlagen yn Dummers Oarloch, troch de ferovering fan Norridgewock yn 1724 en de ferdylging fan 'e Pekwâket-Abenaky yn 1725. Uteinlik loeken alle Abenaky har út Maine werom en fêstigen har yn Nij-Frankryk (it lettere Kebek, ûnder de beskerming fan harren Frânske bûnsgenoaten.
Underwilens wie Maine nei de Unôfhinklikheidsoarloch in ûnderdiel wurden fan 'e Amerikaanske steatMassachusetts. Dêr wie de befolking fan Maine alhiel net bliid mei, want troch de ôfhandichheid fan it gebiet binnen Massachusetts kaam it op alderlei mêden oan it krapperein, wylst rike lju út Massachusetts yn Maine sûnder swierrichheden it bêste lân opkeapje koene om dermei te spekulearjen. Yn 1807 fûn der yn it Steatskongres fan Massachusetts in earste stimming plak oer it rjocht fan Maine om him fan Massachusetts ôf te skieden; dat foarstel waard lykwols fuortstimd. Doe't ûnder de Oarloch fan 1812 pro-Britske keaplju út Masschusetts wegeren om Maine te ferdigenjen tsjin Britske ynfallen út Nij-Breunswyk wei, woe men yn Maine lykwols neat mear witte fan it fuortsetten fan 'e uny mei Massachusetts.
Uteinlik stimde Massachusetts der yn 1819 mei yn om ôfstân te dwaan fan Maine, op it betingst dat de mearderheid fan 'e befolking fan Maine dêr yn in referindum syn goedkarring oan jaan soe. Dy folksriedplachting fûn yn 1820 plak, en dêrby joech in romme mearderheid fan 'e befolking fan Maine oan dat it gebiet selsstannich wurde moast. Yn it Amerikaanske Kongres moast noch wol hantsjebakt wurde mei it Amerikaanske Suden, wat late ta it saneamde Kompromis fan 1820, wêrby't ôfpraat waard dat Maine (as frije steat) en Missoery (as slavesteat) opnommen wurde soene yn 'e Amerikaanske Uny, sadat it lykwicht tusken de beide lânsdielen beholden bliuwe soe. Sadwaande waard Maine op 15 maart1820 de 23e steat fan 'e Feriene Steaten.
De oarspronklike haadstêd fan 'e steat Maine wie Portland, mar de sit fan it regear waard yn 1832 ferhuze nei Augusta, fanwegen de sintralere lizzing fan dat plak. Lykwols is Portland noch altyd de sit fan it Heechgerjochtshôf fan Maine. Om 1840 hinne kamen de Feriene Steaten en Grut-Brittanje wer yn konflikt oer de grins tusken Maine en de Britske koloanjes yn wat letter Kanada wurde soe. Hoewol't der net fochten waard, kaam dat konflikt bekend te stean as de Aroostook-Oarloch. Lang om let waard doe yn 1842 it ferrin fan 'e grins dúdlik fêststeld yn it Webster-Ashburton-Ferdrach, mei as gefolch dat it noardlike Aroostook County by Maine kaam te hearren. Foartiid hie de hegere Saint John-delling diel útmakke fan 'e saneamde Republyk Madawaska.
Sawol de Demokraten as de Republikeinen út Maine hawwe oer it algemien progressivere politike tinkbylden as dat gongber is yn 'e nasjonale partijen dêr't se ta hearre. Yn Maine is de ferkeap fan alkohol in steatsmonopoalje. Op 6 maaie2009 waard Maine de fyfde Amerikaanske steat dêr't it homohoulik ynfierd waard. Dy beslissing waard lykwols op 3 novimber fan dat jier weromdraaid doe't it troch tsjinstanners foar de rjochter oanfochten waard. Op 6 novimber2012 waard Maine de earste Amerikaanske steat dêr't mearderheid fan 'e befolking him by in referindum útspriek foar de ynfiering fan it homohoulik, mei as gefolch dat homo's fan dy datum ôf yn Maine wer trouwe koene.
Maine hat fan alle Amerikaanske steaten it heechste persintaazje blanken op 'e steatsbefolking (salang't blanke Latino's net meirekkene wurde). De steat hat ek it heechste persintaazje fan Frânsk-Amerikanen fan alle Amerikaanske steaten. Mear as in fearn fan 'e befolking fan plakken as Lewiston, Waterville en Biddeford bestiet út Frânsk-Amerikanen. De Ieren, Italjanen en Poalen yn 'e steat binne foar it meastepart ôfstammelingen fan ymmigranten dy't har oan 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste iuw yn Maine nei wenjen setten.
Maine hat gjin offisjele taal dy't as sadanich by wet fêstlein. Yn 'e praktyk ferfollet it Ingelsk dy funksje, mar ûnder de steatswetjouwing genietsje it Ingelsk en it Frânsk deselde beskerming. Sadwaande wurdt wol beweard dat Maine in twatalige steat is, hoewol't de iennichste offisjeel twatalige Amerikaanske steat eins Hawaï is. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wie it Ingelsk doe foar 92,3% fan 'e befolking fan Maine de memmetaal, folge troch it Frânsk mei 5,3%. Dat is it heechste persintaazje Frânsktalige ynwenners fan alle Amerikaanske steaten, Louisiana (4,7%) ynbegrepen.
De measte Frânsktaligen stamje ôf fan lju dy't har foarôfgeande oan 'e grinsfêststelling fan 1842 fanút Nij-Breunswyk yn noardlik Maine fêstigen, of fan Kebekanen dy't tusken 1840 en 1930 nei de Feriene Steaten emigrearren. Fral yn 'e Saint John-delling yn Aroostook County, yn noardlik Maine, binne in protte Frânsktaligen konsintrearre.