In pornofilm, pornografyske film of ek wol seksfilm is in film wêryn't seks tusken de akteurs eksplisyt yn byld brocht wurdt en it wichtichste ûnderwerp is. Sokke films binne bedoeld om 'e sjogger seksueel op te winen. Pornofilms kinne in plot hawwe, mar as dat sa is, dan is it ferhaal altyd fan ûndergeskikt belang yn ferhâlding ta de seks. In protte fan sokke films litte dêrom in ferhaal mar hielendal gewurde en besteane inkeld út in opienfolging fan sekssênes. De akteurs yn pornofilms binne pornoakteurs. Dyselden kinne ta sekswurkers rekene wurde, yn 'e mande mei û.o. strippers en prostituees. De ierste pornofilms datearje út 'e twadde helte fan it desennium fan 'e 1900-er jierren. De wetlike status fan pornofilms ferskilt fan lân ta lân, mar yn 'e Westerske wrâld binne se tsjintwurdich oer it algemien legaal. Dat jildt fansels net foar bernepornografyske films, wêryn't bernseksueel misbrûkt wurde, wat in misdriuw is. As men it oer de 'pornofilm' as sjenre hat, wurdt dy term lykwols ornaris begrepen as seksfilms mei mearderjierrige ynstimmende folwoeksenen as spilers.
Definysje
Sêfte en hurde pornografy
Der wurdt ûnderskie makke tusken sêfte pornografy of softcore en hurde pornografy of hardcore. By sêfte pornofilms of softpornofilms wurdt de seks almeast simulearre en bliuwe de geslachtsdielen fan 'e akteurs bûten byld as de 'seks' plakfynt. Meastal wurde yn sokke films ek gjin ereksjes toand of hielendal gjin penissen. By hurde pornofilms of hardpornofilms wurdt alles sjen litten en hawwe de akteurs echt seks mei-inoar, mei penetraasje en ejakulaasje en al. It shot wêryn't in manlike akteur ejakulearret, wurdt it cumshot neamd, nei cum, in Ingelskesprektaalterm foar sperma. Foarmen fan seks dy't karakteristyk binne foar hurde pornografy (mar yn it gewoane libben ornaris net folle foarkomme), binne anale seks, dûbele penetraasje en de gangbang.
Pornografyske en eroatyske films
Eroatyske films wurde gauris lykslein mei pornofilms, mar dat is in fersin. Yn it foarste plak wurdt yn eroatyske films gjin eksplisite seks yn byld brocht, dat wat dat oangiet, hawwe se mear gemien mei sêfte as mei hurde porno. Mar, wat wichtiger is: yn eroatyske films is de seks ûndergeskikt oan it ferhaal, wylst yn pornofilms it ferhaal ûndergeskikt is oan 'e seks.
Echte pornofilms, dus films wêryn't bylden fan seksuele omgong opnommen wiene, foelen doedestiden fansels hielendal bûten de algemien akseptearre noarmen en wearden. Om't it sadwaande fanneeds klandestine films wiene, dy't yn it ferhoalene ferhannele en besjoen wurde moasten, is it dreech om te sizzen hokker de âldste is. It tinken mank saakkundigen is dat it wolris El Sartorio (ek stavere as El Sartario) wêze kinne soe, dy't datearre wurdt tusken 1907 en 1912. Dat is in Argentynske film, opnommen yn Quilmes of Rosario, wêryn't in gleiesater oan 'e igge fan in rivier seis neakene nimfen oer it mad komt, ien fangt en seks mei har hat yn ferskate stantsjes, wêrûnder stantsje 69. El Sartorio is bewarre bleaun en is op 't heden op 'e noed fan it Amerikaanske Kinsey Ynstitút, dat ien fan 'e grutste kolleksjes iere pornofilms fan 'e wrâld besit.
De reden foar it feit dat de earste pornofilm út Argentynje komme kinne soe, is dat dat lân oan it begjin fan 'e tweintichste iuw it earste wrâldsintrum fan 'e pornografyske filmyndustry wie. Om't yn Jeropa doedestiden in frij strange sinsuer op soksoarte films bestie, ferpleatsten Frânske filmstudio's as Pathé en Gaumont de produksje fan harren pornofilms nei Argentynje, dêr't de autoriteiten de filmmakkers gewurde lieten. De ierste pornoaktrises wiene dêre oer it algemien prostituees út 'e bordelen fan Buenos Aires en oare gruttere Argentynske stêden. De films waarden per skip nei Jeropa brocht en dêr nei oankomst, neffens Hernán Ferreirós yn syn boekLa Argentinidad al Palo, ûnderhânsk ferkocht as in "ferfine [foarm fan] fermaak" foar hearen "út 'e begoedigeklassen". De measte films bedarren yn Frankryk en Ingelân, mar in diel gie nei Dútslân, Eastenryk-Hongarije, Ruslân en de Balkanlannen.
In oare film dy't kâns makket om 'e ierste pornofilm fan 'e wrâld te wêzen, is À l'Écu d'Or, ou: La bonne auberge, dy't yn 1908 yn Frankryk makke waard. Dêryn wurdt in wurgesoldaat toand, dy't yn in herberge op bêd slagget mei in keamerfamke. Tsjin 1910 wiene de konvinsjes fan it pornofilmsjenre al fêstige, sa't te sjen is yn 'e Dútske film Am Abend, dy't in spyldoer fan tsien minuten hat. It begjint mei in frou allinnich yn har sliepkeamer dy't harsels oan it fingerjen is. Se wurdt trappearre troch in man dy't him troch har ôfsûge lit, wêrnei't se earst faginale seks hawwe en dêrnei anale seks.
Represje
Tsjin 1920 wiene pornofilms yn frijwol alle lannen ferbean. Dat betsjutte net dat se net mear makke waarden, mar wol dat de makkers noch foarsichtiger te wurk gean moasten. Frijwol de iennichste plakken dêr't sokke films besjoen wurde koene, wie yn 'e beslettenens fan jins eigen hûs of yn in bordeel (mei't prostitúsje frijwol oeral dochs ek al yllegaal wie). It opnimmen en behanneljen fan 'e films wie frijwat tiid, technyskekennis en ark en reau foar nedich. Dêrom hie doedestiden de organisearre misdie de hân yn 'e pornografyske filmyndustry. De resultearjende films sirkulearren temûk yn freonefermiddens of fia omreizgjende ferkeapers fan (yn haadsaak) oar guod. Wa't troch de autoriteiten trappearre waard op it besitten of besjen fan in pornofilm, riskearre fan 'e 1920-er oant de 1950-er jierren in finzenisstraf.
Doe't nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch de technologyskefoarútgong it opnimmen fan homefideo's troch partikulieren mooglik makke, yn 't bysûnder troch de yntroduksje fan 'e filmformaten 8 mm en super-8, waard de produksje fan pornofilms dêr ek navenant makliker troch. Yn dy snuorje waarden yn Jeropa in protte eksplisite hardpornofilms makke, wylst men it yn 'e Feriene Steaten oer it algemien by softpornofilms hold.
Oplibbing
Tsjin 'e 1960-er jierren waard yn in soad Jeropeeske lannen troch feroarjende maatskiplikenoarmen en wearden it ferbod op pornofilms net mear bot ôftwongen. Yn 1969 wie Denemark it earste lân dêr't pornofilms legalisearre waarden. De measte oare Westerske lannen diene yn 'e jierren dêrnei itselde. Dat late ta in eksploazje fan kommersjeel produsearre pornofilms, dêr't yn it begjin ek bernepornografy mei jonge bern tusken siet. Dêr waard troch de autoriteiten yn 'e measte gefallen al rillegau it near op lein, hoewol't pornofilms mei minderjierrigen fan tusken de fjirtjin en achttjin jier yn in protte Jeropeeske lannen noch lange tiid legaal bleaune. Yn 'e Feriene Steaten kaam de minimumleeftyd lykwols daliks op achttjin jier te lizzen. Fan dy tiid ôf kaam it swiertepunt fan 'e wrâldwide produksje fan pornofilms foargoed yn Los Angeles te lizzen.
Dat wiene ek de heechtijdagen fan 'e pornobioskopen: bioskopen dy't folslein wijd wiene oan 'e fertoaning fan pornofilms. Guon folle besprutsen pornofilms, lykas Deep Throat, draaiden sels yn mainstream-bioskopen. Sjoernalist Ralph Blumenthal fan The New York Times betocht foar sokke nije pornografy dy't rûnom akseptaasje fûn de term porno chic ("sjike porno"). Hoewol't, fral yn 'e Feriene Steaten, konservativen en kristlikeaksjegroepen har tsjin 'e nije maatskiplik akseptaasje fan it pornofilmsjenre oankanten, waard harren troch it fûnis fan it Amerikaansk Heechgerjochtshôf út 1973 yn 'e rjochtsaakMiller v. California har wichtichste wapen út 'e hannen nommen, om't de wetlike definysje fan wat obseen wie, dêrtroch sterk beheind waard.
Oan it Gouden Tiidrek fan 'e Pornografy kaam lykwols in ein troch de yntroduksje fan 'e fideorecorder, dy't yn 'e iere 1980-er jierren yn 'e measte Amerikaanske en in protte Jeropeeske húshâldings húsriem waard. Om't de measte fans fan pornofilms der om foar de hân lizzende redens de foarkar oan joegen om sokke films yn 'e privacy fan harren eigen hûs te besjen, woeks de VHS-fideobân al rillegau út ta it meast brûkte distribúsjemedium foar pornofilms. It gefolch wie dat de pornoyndustry de djoere bioskoopfilm de rêch ta draaide en weromkearde nei ienfâldige lowbudgetproduksjes.
Fan 'e 1980-er jierren ôf
Fan likernôch 1982 ôf waarden de measte pornofilms útbrocht op fideotape ynstee fan op filmrol. Dat makke de produksje in stik goedkeaper en de distribúsje in stik ienfâldiger. Ien fan 'e populêrstepornoaktrises yn 'e 1980-er jierren wie Traci Lords, dy't tusken 1984 en 1986 yn tal fan films spile. Yn maaie1986 kaam lykwols oan it ljocht dat sy dyseldichste moanne noch mar krekt achttjin jier waard en dat se op fertoaning fan in ferfalskeidentiteitsbewiis twa jier lang as minderjierrige yn pornofilms aktyf west hie (wat yn 'e Feriene Steaten strang ferbean wie). Hoewol't de filmstudio's dêr't se foar wurke hie, te goeder trou west hiene, betsjutte de resultearjende opskuor op in hier nei de deadsstek foar de Amerikaanske pornoyndustry.
Fan 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren ôf ferskynden pornofilms op dvd, earst noch njonken publikaasjes op VHS. Dat lêste format ferdwûn lykwols geandewei de 2000-er jierren. Dêrfoaroer stie dat yn 'e twadde helte fan dat desennium pornofilms ek op blu-ray begûnen út te kommen. Dêrnjonken late ein njoggentiger, begjin twatûzener jierren de opkomst fan it ynternet ek ta in revolúsje op it mêd fan 'e distribúsje fan pornofilms. In protte films waarden nei ferrin fan tiid hielendal net mear op in bylddrager útbrocht, of pas letter, as in soarte fan bykomstichheid. Ynstee waarden se ferspraat fia betelwebsiden fan pornoakteurs en pornografyske filmstudio's. Letter kamen dêr ek videohostingtsjinsten en peer-to-peer filesharing websiden by, lykas Pornhub, YouPorn en XHamster, dêr't fans (tsjin betelling) fideo's besjen of mei-inoar diele kinne.
Neffens in artikel fan parseburoReuters ferskynden der anno 2005 elts jier 11.000 nije pornofilms op dvd. Mei't de wrâldwide pornoyndustry dominearre wurdt troch de Feriene Steaten, komme fierwei de measte films dêrwei. Yn 1975 waard rûsd dat der troch de Amerikaanske pornoyndustry jiers sa'n $5 oant 10 miljoen fertsjinne waard, in sifer dat yn 2001 yn in artikel yn 'e BritskekranteThe Guardian oanhelle waard. Yn 1979 stie yn in offisjeel rapport fan 'e Amerikaanske oerheid wêryn't it Amerikaanske federale strafrjocht tsjin it ljocht holden waard, dat der "yn Los Angeles allinnich al jiers $100 miljoen bruto" fertsjinne waard oan 'e produksje fan pornofilms.
Hoefolle omset oft de Amerikaanske pornoyndustry hjoed de dei makket, is net alhiel dúdlik. Yn 2003 woe de Amerikaanske krante USA Today hawwe dat websiden as Danni's Hard Drive en Cybererotica jiers in opbringst fan $2 miljard binnenswilen, dat neffens itselde artikel noch mar 10% wêze soe fan 'e totale ynkomsten fan 'e produksje fan pornofilms yn 'e Feriene Steaten. Oare boarnen (Adams Media Research, Veronis Suhler Communications Industry Report en IVD) holden it neffens in artikel yn it tydskriftForbes út 2001 op $2,6 oant 3,9 miljard yn totaal. It fakblêdAVN spriek oer $4,3 miljard, mar makke net dúdlik wêr't dat sifer op basearre wie. Neffens in artikel yn The Observer lei de omset fan 'e Amerikaanske produksje fan pornofilms yn 2007 jiers op $13 miljard.
It wrâldsintrum fan 'e produksje fan pornofilms is Los Angeles, yn 'e Feriene Steaten, dêr't in protte pornografyske filmstudio's konsintrearre binne yn 'e wykChatsworth. Fierwei de measte pornofilms yn 'e wrâld wurde makke yn 'e Feriene Steaten. Hoewol't de makkers dêr frijwat tsjinwyn krije fan fûnemintalistyskekristlikeorganisaasjes, beroppe se har op 'e frijwol ûnbeheinde Amerikaanske frijheid fan mieningsutering om sinsuer tsjin te gean. Yn Nederlân binne pornofilms folslein legaal en bestiet der gjin serieuze opposysje tsjin dy sitewaasje. Krekt as oeral yn 'e wrâld is bernepornografy yn Nederlân fansels wol strang ferbean. (Bernepornografy wurdt yn Nederlân definiëarre as eltse seksueel tinte fideo mei minderjierrige persoanen, dêr't dus net needsaaklikerwize seks oan te pas hoecht te kommen.) Dêrnjonken is ek pornografy mei bisten (bestialiteiten) yn Nederlân en in protte oare lannen net tastien.
Wa't ferneamd binne yn 'e pornoyndustry feroaret oer it algemien hurd, fral foar pornoaktrises. Manlike pornoakteurs hawwe ornaris in langere hâldberheidsdatum as froulju. Guon grutte nammen út it hjoed en it ferline fan 'e ynternasjonale pornoyndustry binne:
Katanning redirects here. Not to be confused with Kittanning (disambiguation). Town in Western AustraliaKatanningWestern AustraliaAustral Terrace, Katanning, 2018KatanningLocation in Western AustraliaCoordinates33°41′27″S 117°33′19″E / 33.69083°S 117.55528°E / -33.69083; 117.55528Population3,641 (UCL 2021)[1]Established1898Postcode(s)6317Elevation311 m (1,020 ft)Area136.3 km2 (52.6 sq mi)Location 277 km (172 mi) SE...
Malá Studená dolina Das Tal Malá Studená dolina Das Tal Malá Studená dolina Lage Prešovský kraj, Slowakei Gewässer Malý Studený potok Gebirge Hohe Tatra, Tatra, Karpaten Geographische Lage 49° 10′ 46″ N, 20° 12′ 48″ O49.17944444444420.213333333333Koordinaten: 49° 10′ 46″ N, 20° 12′ 48″ O Malá Studená dolina (Slowakei) Länge 4,5 km Klima Hochgebirgsklima Vorlage:Infobox Gletscher/Wartung/Bil...
هذه مقالة غير مراجعة. ينبغي أن يزال هذا القالب بعد أن يراجعها محرر مغاير للذي أنشأها؛ إذا لزم الأمر فيجب أن توسم المقالة بقوالب الصيانة المناسبة. يمكن أيضاً تقديم طلب لمراجعة المقالة في الصفحة المخصصة لذلك. (مارس 2023) لطفي السبتي معلومات شخصية الاسم الكامل لطفي السبتي الميلا...
Czech ice hockey player Ice hockey player Lukáš Plšek Born (1983-09-15) 15 September 1983 (age 40)Uničov, CzechoslovakiaHeight 5 ft 11 in (180 cm)Weight 165 lb (75 kg; 11 st 11 lb)Position GoaltenderCaught LeftPlayed for HC VsetínHC ZlínPlaying career 2003–2019 Lukáš Plšek (born 15 September 1983) is a Czech former ice hockey goaltender. Plšek began his career with HC Vsetín playing in the under-18 and under-20 league before moving to t...
This a list of extant freshwater fish that could be found in Spain. The majority of the fish present are from the order Cypriniformes. This list states if the fish are native or introduced. For clarification, an endemic species is a species that is found only in a specific geographic region. IUCN status represents the extinction risk for each species and the fish found in Spain range from least concern to critically endangered. Fish Currently Believed to be Present Common Name Scientific Name...
ميّز عن الاتحاد السعودي للأمن السيبراني والبرمجة والدرونز. الهيئة الوطنية للأمن السيبراني تفاصيل الوكالة الحكومية البلد السعودية تأسست 31 أكتوبر 2017 المركز السعودية الإدارة المدير التنفيذي ماجد المزيد، محافظ الهيئة موقع الويب https://nca.gov.sa تعديل مصدري - تعديل ...
British author, producer and media broadcaster A major contributor to this article appears to have a close connection with its subject. It may require cleanup to comply with Wikipedia's content policies, particularly neutral point of view. Please discuss further on the talk page. (November 2020) (Learn how and when to remove this template message) Shini SomaraBornShini SomarathneNationalityBritishEducationHenrietta Barnett SchoolAlma materBrunel UniversityKnown forFluid dynamics, pr...
Simha BabahFaction represented in the Knesset1951–1959General Zionists Personal detailsBorn27 November 1902Died10 December 1973(1973-12-10) (aged 71) Simha Babah (Hebrew: שמחה בבה, born 27 November 1902, died 10 December 1973) was an Israeli politician who served as a member of the Knesset for the General Zionists between 1951 and 1959. Biography Born in an area that was later to become part of Poland, Babah was a member of the central committee of the Polish branch of the Zioni...
Регулярний номер. Париж. Регулярний дворядковий номер. Париж. Код Франції для міжнародного руху ТЗ — (F). Зміст 1 Чинна схема SIV (2009 р.) 1.1 Регулярні номерні знаки 1.2 Регіони 1.3 Інші номерні знаки системи SIV 2 Система FNI (1950–2009) 2.1 Схеми розташування символів 2.2 Кольори номер...
Gaio Scribonio CurioneConsole della Repubblica romanaNome originaleGaius Scribonius Curio Nascita118 a.C. ca. Morte53 a.C. ConiugeMemmia FigliGaio Scribonio Curione GensScribonia Consolato76 a.C. Gaio Scribonio Curione (latino: Gaius Scribonius Curio; 118 a.C. circa – 53 a.C.) è stato un politico e console della Repubblica romano. Indice 1 Biografia 2 Note 3 Bibliografia 4 Collegamenti esterni Biografia Appartenente alla gens Scribonia, fu tribuno della plebe nel 90 a.C.. Prese parte ...
The Eulenburg expedition was a diplomatic mission conducted by Friedrich Albrecht zu Eulenburg on behalf of Prussia and the German Customs Union in 1859–1862. Its aim was to establish diplomatic and commercial relations with China, Japan and Siam. SMS Arcona Background In 1859, King Prince William, who was acting as regent for his seriously ill brother Friedrich Wilhelm IV, appointed Friedrich Albrecht Count of Eulenburg Extraordinary Envoy to a Prussian Mission to Eastern Asia. The major p...
Town in Western AustraliaGoldsworthyWestern Australia1964 photograph showing iron ore outcrops on the top of Mount Goldsworthy before mining commencedGoldsworthyCoordinates20°20′31″S 119°31′06″E / 20.34194°S 119.51833°E / -20.34194; 119.51833Established1965Elevation46 m (151 ft)Location 96 km (60 mi) E of Port Hedland 1,340 km (833 mi) NNE of Perth LGA(s)Shire of East PilbaraState electorate(s)PilbaraFederal division(s)Durack G...
16th episode of the 9th season of NCIS Psych OutNCIS episodeEpisode no.Season 9Episode 16Directed byDennis SmithWritten byGary Glasberg & Reed SteinerOriginal air dateFebruary 21, 2012 (2012-02-21)Guest appearances Jamie Lee Curtis as Dr. Samantha Ryan Wendy Makkena as Dr. Rachel Cranston Spencer Locke as Amber Banks Kirsten Nelson as Beth Banks Brandon Olive as Military Liaison Ross Kilmer Aubrey Deeker as Former Navy Commander Brian Mitchell Rob Mayes as Former Marin...
Het verhaal van onze voorouders. Een pelgrimstocht naar de oorsprong van het leven Oorspronkelijke titel The Ancestor's Tale. A Pilgrimage to the Dawn of Life Auteur(s) Richard Dawkins Vertaler Mark van Nieuwstadt Taal Nederlands Oorspronkelijke taal Engels Onderwerp Evolutiebiologie Uitgever Nieuw Amsterdam Uitgevers Oorspronkelijke uitgever Weidenfeld & Nicolson Uitgegeven 2007 Oorspronkelijk uitgegeven 2004 Pagina's 784 Vorige boek Kapelaan van de duivel Volgende boek God als misvattin...
Buddhist place of worship Sewu, an eighth century Mahayana Buddhist temple in Central Java, Indonesia Part of a series onBuddhism Glossary Index Outline History Timeline The Buddha Pre-sectarian Buddhism Councils Silk Road transmission of Buddhism Decline in the Indian subcontinent Later Buddhists Buddhist modernism DharmaConcepts Four Noble Truths Noble Eightfold Path Dharma wheel Five Aggregates Impermanence Suffering Not-self Dependent Origination Middle Way Emptiness Morality Karma Rebirt...
Medication used in the treatment for Opioid-Induced Constipation NaloxegolClinical dataTrade namesMovantik, MoventigOther namesNKTR-118AHFS/Drugs.commovantikLicense data EU EMA: by INN US DailyMed: Naloxegol US FDA: Movantik Routes ofadministrationBy mouthATC codeA06AH03 (WHO) Legal statusLegal status AU: S4 (Prescription only)[1] US: ℞-only Pharmacokinetic dataProtein binding~4.2%MetabolismLiver (CYP3A)Elimination half-life6–11 hE...
Telecommunications company in Singapore This article has multiple issues. Please help improve it or discuss these issues on the talk page. (Learn how and when to remove these template messages) The topic of this article may not meet Wikipedia's notability guidelines for companies and organizations. Please help to demonstrate the notability of the topic by citing reliable secondary sources that are independent of the topic and provide significant coverage of it beyond a mere trivial mention. I...
Church in Cheshire, EnglandSt John the Baptist's Church,Guilden SuttonSt John's Church, Guilden SuttonSt John the Baptist's Church,Guilden SuttonLocation in Cheshire53°12′28″N 2°49′35″W / 53.2078°N 2.8265°W / 53.2078; -2.8265OS grid referenceSJ 448 682LocationGuilden Sutton, CheshireCountryEnglandDenominationAnglicanWebsitehttps://www.guildensutton-plemstall.church/HistoryStatusParish churchDedicationJohn the BaptistArchitectureFunctional statusActiveHerita...
Kardinal Andreas Frühwirth 1927 Andreas Frühwirth, O.P., (21 Agustus 1834 – 9 Februari 1933) adalah seorang frater Ordo Dominikan Austria. Ia diangkat menjadi kardinal Gereja Katolik.[1] Catatan ^ http://www.biographien.ac.at/oebl_1/375.pdf; http://www.biographien.ac.at/oebl_1/376.pdf 22 June 2014 Pengawasan otoritas Umum Integrated Authority File (Jerman) ISNI 1 VIAF 1 WorldCat Perpustakaan nasional Prancis (data) Catalunya The ICCU id CUBV069364 is not valid. Repub...