1907
1907 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1907 . )
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1900-er jierren .
Foarfallen
6 jannewaris - Maria Montessori iepenet yn Rome har earste skoalle .
14 jannewaris - By in ierdbeving yn Kingston komme op Jamaika likernôch 1.000 minsken om.
31 jannewaris - Yn Belgje wurdt in út ferskate politike partijen gearstalde parlemintêre kommisje oprjochte dy't ûnder lieding fan parlemintsfoarsitter Frans Schollaert ûndersyk dwaan moat nei de sitewaasje yn 'e Kongofrijsteat , de Afrikaanske priveekoloanje fan kening Leopold II fan Belgje .
26 febrewaris - De Koninklijke Nederlandsche Petroleum Maatschappij en de Shell Transport and Trading Company út it Feriene Keninkryk beslute ta in fúzje . It nije bedriuw sil Koninklijke Shell komme te hjitten.
5 maart - Yn 'e Russyske haadstêd Sint-Petersburch komt de twadde Dûma gear.
21 maart - Grut-Brittanje wiist Frânske foarstellen foar in tunnel ûnder it Kanaal ôf, omreden fan it gefaar fan in ynvaazje.
31 maart - Yn Roemeenje wurdt de boere-opstân dy't yn febrewaris begûn, ûnderdrukt troch ynset fan it leger . Dêrby komt it ta slimme oarlochsmisdieden tsjin 'e boerebefolking .
26 april - Yn it Keninkryk Hongarije forsearret it troch etnyske Hongaren dominearre parlemint de magyarisearring fan it ûnderwiisbestel tsjin 'e útdruklike wil fan 'e nasjonale minderheden yn.
1 juny - De Russyske premier Pjotr Stolypin beskuldiget de 65 sosjalistyske ôffurdigen yn 'e twadde Dûma fan "in komplot tsjin 'e tsaar ".
3 juny - Tsaar Nikolaas II ûntbynt al nei rom in fearnsjier de twadde Dûma
9 juny - Yn Gûatemala wurdt presidint Manuel Estrada Cabrera by in oanslach fermoarde .
29 july - Op it eilân Brownsea , yn it Ingelske Dorset , hâldt Robert Baden-Powell , de oprjochter fan 'e ynternasjonale paadfinerij , it earste paadfinerskamp.
18 july - Frânske troepen besette de grutte stêd Kasablanka , yn it ûnôfhinklike Sultanaat Marokko , nei't dêr 8 Jeropeänen omkommen binne by in ferheftige opskuor.
31 augustus - It Feriene Keninkryk en it Keizerryk Ruslân slute in militêr bûnsgenoatskip, de Britsk-Russyske Konvinsje , ek bekend as it Ferdrach fan Sint-Petersburch .
8 septimber - Yn syn ensyklyk Pascendi Domini Gregis feroardielet paus Pius X it 'modernisme' (d.w.s. de modernisearring) as "de gearfetting fan alle ketterijen".
26 septimber - As útfloeisel fan 'e Rykskonferinsje fan 1907 , fan it Britske Ryk , wurde de Koloanje Nij-Seelân en de Nijfûnlânkoloanje by keninklike proklamaasje as it Dominion Nij-Seelân en it Dominion Nijfûnlân útroppen ta saneamde dominions mei in autonome status . De beide gebieten binne no ûnôfhinklik, hoewol't se definsje en bûtenlânske polityk noch ôfstimme mei it Feriene Keninkryk .
25 oktober - Yn Nederlân wurdt de net-kapitalistyske koloanje Walden , yn It Goai , in inisjatyf fan skriuwer Frederik van Eeden , nei njoggen jier opheft fanwegen finansjele swierrichheden.
2 novimber - Yn 'e Noarske haadstêd Kristiania ûndertekenje it Feriene Keninkryk , Frankryk , Ruslân en Dútslân in ferdrach wêryn't se de territoriale yntegriteit fan Noarwegen garandearje.
14 novimber - Yn 'e Russyske haadstêd Sint-Petersburch komt de trêde Dûma foar it earst gear, dy't keazen is mei beheind kiesrjocht . Mei't de measte leden fan 'e earste en de twadde Dûma yn it tichthûs sitte of yn ballingskip jage binne, ferwachtet it regear fan tsaar Nikolaas II diskear oansjenlik minder swierrichheden by it oplizzen fan syn wil oan 'e parlemintariërs .
16 novimber - Oklahoma wurdt as de 46e Amerikaanske steat opnommen yn 'e Feriene Steaten .
28 novimber - Kening Leopold II fan Belgje ûndertekenet de Akte fan Ofstân , dêr't er ôfstân mei docht fan syn Afrikaanske priveekoloanje de Kongofrijsteat . Dat gebiet komt no ûnder bestjoer fan 'e Belgyske oerheid en sil omfoarme wurde ta de Belgyske Kongo .
16 desimber - De Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt wiuwt yn 'e haven fan New York de float fan 16 slachskippen en in grut tal lytsere marineskippen út dy't er yn in útwrydsk machtsfertoan in reis fan 26 moannen om 'e wrâld meitsje lit.
20 desimber - De Feriene Steaten , El Salvador , Gûatemala , Hondoeras , Nikaragûa en Kosta Rika slute it Ferdrach fan Washington , dat liede moat ta gruttere gearwurking fan 'e Middenamerikaanske lannen mei de Feriene Steaten.
26 septimber - De Britske koloanjes Nij-Seelân en Nijfûnlân krije selsbestjoer binnen it Britske Ryk .
sûnder datum - Publikaasje fan de keunsttaal Ido .
Berne
jannewaris
febrewaris
maart
april
maaie
juny
july
septimber
oktober
novimber
desimber
datum ûnbekend
Ferstoarn
datum ûnbekend
Literatuer
romans
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1907 fan Wikimedia Commons .