Michener begûn ûnder de Twadde Wrâldoarloch foar it earst fiksje te skriuwen. De ûnderfinings dy't er op syn reizen troch de Stille Súdsee hie, brûkte er om syn earste ferhalen op te basearjen. Sa ûntstie Tales of the South Pacific, in boek dat beskôge wurde kin as in ferhalebondel of as in roman besteande út in stikmannich ûnderling ferbûne ferhalen. It waard syn earste boek, dat yn 1947 ferskynde, doe't Michener fjirtich jier wie. Hy krige der rûnom lof foar taswaaid troch de literatuerkritisy, en yn 1948 waard it bekroane mei de Pulitzerpriis foar Fiksje. Tales of the South Pacific waard troch Rodgers en Hammerstein adaptearre ta de tige súksesfolle musicalSouth Pacific, dy't yn 1949 op Broadway iepene. Yn 1958 waard op basis dêrfan wer in film makke, dy't ek South Pacific hiet en allikefolle súkses hie.
Yn 1949 kaam it twadde boek fan Michener út, mei as titelThe Fires of Spring, oer de wees David Harper en syn libben en leafdes. Yn 1950 folge Return to Paradise, in boek besteande út acht essays, elts oer in oar eilân yn 'e Stille Súdsee, mei dêroan taheakke in koart ferhaal oer dat eilân. The Bridges at Toko-ri wie in novelle dy't yn 1953 ferskynde oer jonge Amerikaanske soldaten yn 'e Koreaanske Oarloch.
Oan 'e ein fan 'e 1950-er jierren begûn Michener te wurkjen as redakteur foar de Reader's Guide to Periodical Literature, in funksje dy't er oant 1970 beklaaie soe. Teffens besocht er in nij paad yn te slaan as senarioskriuwer fan 'e troch him betochte tillefyzjesearjeAdventures in Paradise, dy't fan 1959 oant 1962 útstjoerd waard. Dy gie oer kaptein Adam Troy (spile troch Gardner McKay) fan it sylskip de Tiki III. ProdusintBob Mann hie eins in tillefyzjesearje basearre op Tales of the South Pacific meitsje wollen, mar dêr hiene Rodgers en Hammerstein alle filmrjochten op kocht, en dy giene net mei de plannen akkoart. Uteinlik rûn it tillefyzje-aventoer fan Michener op 'e non.
Micheners syn roman Hawaii, dy't yn 1959 ferskynde, hie de tiid mei, om't Hawaï dat jiers de fyftichste Amerikaanske steat waard. It wie in histoaryske roman dy't iuwen fan 'e skiednis fan Hawaï omfette en myriaden ynfloeden ûndersocht dy't de bewenners en it lânskip fan 'e Hawaï-eilannen foarme hawwe. Michener hie foar it boek jierrenlang yngeand ûndersyk dien oangeande skiednis, kultuer en sels geology. Neitiid soed er dy oanpak foar al syn folgjende romans brûke. De earste fan dy folgjende boeken wie Caravans, dat yn 1963 ferskynde. Dêryn ferkende Michener de kulturele ferskowings yn it Afganistan fan nei de Twadde Wrâldoarloch troch de eagen fan in Amerikaanske frou dy't troud is mei in Afgaanske yngenieur. The Source, út 1965, wie Michener syn werfertelling fan 'e skiednis fan it joadendom, begjinnend by de iere Hebreeërs en troch de milennia hinne oant it moderne Israelysk-Palestynske konflikt. En yn The Drifters, dat útkaam yn 1971, folge er jonge swalkers dy't nei de Fjetnamoarloch nei betsjutting yn it libben sykje.
Yn 1978 ferskynde fan 'e hân Michener Chesapeake, wêryn't er yn syn ûnderwilens bekende styl de skiednis fan in kustdoarp yn Marylân fertelt. Yn The Covenant, dat yn 1980 útkaam, folge er de skiednis fan Súd-Afrika fan 'e prehistoaryske Boskjesmannen oant de Twadde Boere-oarloch. Dat waard yn 1982 folge troch Space, in fiktive beskriuwing fan it romtefeartprogramma fan 'e NASA, wêryn't de libbens fan wittenskippers, astronauten en politisy trochinoar rinne. Poland, út 1983, wie ynspirearre troch Michener syn reizen yn Poalen. Yn 'e roman folge er de skiednis fan it lân fan 'e trettjinde iuw oant de 1980-er jierren. Yn 1985 ferskynde Texas, wêryn't Michener de lêste 400 jier fan 'e skiednis fan Teksas folget. Legacy, út 1987, wie in hiel oare boek, dat in fiktyf ferslach fan it Iraan-kontraskandaal joech troch de eagen fan in ynderlik hinne en wer skuorde Amerikaanske luitenant-kolonel.
Hiel apart wie The Novel, út 1991, in roman wêryn't in roman de haadrol spilet. It boek fertelt it ferhaal fan 'e skepping fan it boek, út 'e inoar snijende eachpunten wei fan 'e skriuwer, de redakteur, de literatuerkritikus en de lêzer. Mexico, in roman dy't yn 1992 ferskynde nei't Michener der mear as tritich jier ôf en oan mei dwaande west hie, gie oer in Amerikaanske sjoernalist dy't yn Meksiko op 'e siik giet nei it ferline fan syn famylje. Recessional wie Michener syn lêste roman, wêryn't er de útdagings beskreau fan in dokter dy't palliative soarch biede moat oan in ûngewoane pasjint. Neitiid ferskynden noch twa koarte ferhalen: Miracle in Seville (1995) oer de kultuer efter it bollefjochtsjen yn Spanje, en Matecumbe (postúm yn 2007) oer de relaasje tusken in mem en in dochter yn it fiktive plak Matecumbe, yn Floarida, dy't allebeide skieden binne en parallelle libbens liede.
Michener stie bekend om syn flugge produksje fan tige livige romans mei gauris mear as tûzen bledsiden. Yn My Lost Mexico, út 1992, fertelde er dat er gauris tolve oant fyftjin oeren deis efter de typmasine siet, en dat wiken efterinoar folhold. Hy produsearre dan sa'n soad papier, dat syn argyfsysteem it betiden net oankoe.
Priveelibben
Michener troude trije kear. Yn 1935 troude er mei Patti Koon, fan wa't er yn 1948skiede. Dêrnei wertroude er noch datselde jier mei Vange Nord. Hy kaam mei syn trêde frou, Mari Yoriko Sabusawa, yn 'e kunde by in sosjale gelegenheid yn Chicago. Hja wie in dochter fan Japanskeymmigranten, en hie de Twadde Wrâldoarloch trochbrocht yn ynternearringskampen yn Utah en Colorado. Michener skiede yn 1955 fan Nord en wertroude datselde jier mei Sabusawa. Mei har bleau er troud oant har dea yn 1994. Syn roman Sayonara, út 1954, oer de leafde tusken in Amerikaan en in Japanse, is kwasy-autobiografysk en basearre op syn ûnderfinings mei syn trêde frou.
Yn 1962 stelde Michener himsels yn Pennsylvania kandidaat foar de Demokratyske Partij foar in sit yn it Amerikaansk Hûs fan Offurdigen. Hy ferlear lykwols en besocht it dêrnei nea wer. Letter beskôge er dy episoade yn syn libben as in misse set. Wol bleau er belutsen by de Demokratyske Partij en tsjinne er û.m. as sekretaris fan 'e Grûnwetlike Konvinsje fan Pennsylvania yn 1967-1968. Yn 1968 tsjinne er foar syn partij as kiesman en lid fan it Electoral College, in ynstitút dêr't er letter tsjin agearje soe yn syn non-fiksjeboekPresidential Lottery: The Reckless Gamble in Our Electoral System. Michener wie in grut foarstanner fan it ôfskaffen fan it kiesdistriktestelsel by de Amerikaanske presidintsferkiezings, sadat de presidint direkt troch it elektoraat keazen wurde koe.
Harren lêste jierren wennen Michener en de frou yn Austin, de haadstêd fan Teksas. Syn frou stoar dêre yn 1994. Michener sels litte sûnt 1993 oan nierfalen, en hie op deistige basis ferlet fan nierdialyze. Yn oktober1997 beëinige er dy behanneling. Hy sei dat er yn syn libben berikt hie wat er berikke woe, en dat er gjin fierdere lichaamlike ôftakeling trochmeitsje woe. Hy stoar op 16 oktober1997, yn 'e hege âlderdom fan 90 jier, oan nierfalen. Hy waard kremearre, en syn jiske waard njonken dy fan syn frou pleatst yn it Austin Memorial Park Cemetery.
1978 – The Watermen (koart ferhaal dat ek diel útmakket fan Chesapeake)
1980 – The Covenant (roman)
1982 – Space (roman)
1983 – Poland (roman)
1985 – Texas (roman)
1987 – Legacy (roman)
1988 – Alaska (roman)
1989 – Caribbean (roman)
1989 – Journey (roman basearre op in haadstik út Alaska)
1991 – The Novel (roman)
1993 – Creatures of the Kingdom (bondel fan 15 passaazjes út Hawaii, Centennial, Chesapeake, The Covenant, Texas en Alaska, dy't allegearre oer bisten geane, mei dêropta 1 nij ferhaal)
1992 – Mexico (roman)
1994 – Recessional (roman)
1995 – Miracle in Seville (koart ferhaal)
1996 – Three Great Novels of World War II (omnibusedysje fan Tales of the South Pacific fan Michener, Mr. Roberts fan Thomas Heggen en Battle Cry fan Leon Uris)
1997 – A Century of Sonnets (mear as 100 gedichten dy't yn 70 jier tiid troch Michener skreaun waarden)
1973 – Michener Miscellany: 1950–1970 (kompilaasje fan essays út it tiidrek 1950-1970)
1973 – Firstfruits: A Harvest of 25 Years of Israeli Writing (blomlêzing fan 25 jier Israelyskeliteratuer ûnder redaksje fan Michener)
1976 – Sports in America (beskriuwing fan 'e Amerikaanske sportkultuer en syn problemen)
1978 – About Centennial: Some Notes on the Novel (yn beheinde oplaach útbrochte oertinkings oer syn roman Centennial)
1981 – James A. Michener's USA: The People and the Land (ferhalebondel mei wurk fan oare skriuwers ûnder redaksje fan Peter Chatain, mei in wurd foarôf fan Michener)
1983 – Collectors, Forgers – And a Writer: A Memoir (yn beheinde oplaach útbrocht autobiografysk wurk oer iere ynfloeden yn it libben fan Michener)
1989 – Six Days in Havana (oer de researchreis nei Kuba, dy't Michener makke foar syn roman Caribbean)
1990 – Pilgrimage: A Memoir of Poland and Rome (foar in part reisferhaal en foar in part autobiografy, oer Michener syn reizen troch Poalen en Itaalje)