1940-er jierren
De 1940-er jierren , ek oantsjut as de fjirtiger jierren en de jierren ’40 , wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder . Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1941 en duorre it oant en mei 31 desimber 1950 , mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1940 oant en mei 31 desimber 1949 . De earste helte fan dit desennium waard dominearre troch de Twadde Wrâldoarloch , wêryn't nazy-Dútslân , Japan en harren bûnsgenoaten út wiene op wrâldhearskippij. Nei fiif jier oarloch wisten de Alliëarden , ûnder oanfiering fan 'e Feriene Steaten en de Sovjet-Uny , de Dútsers en Japanners einlings te ferslaan. Neitiid ûntstie der in nij wrâldomfiemjend konflikt doe't de kapitalistyske Feriene Steaten en de kommunistyske Sovjet-Uny deilis rekken yn 'e saneamde Kâlde Oarloch , dy't mear as fjirtich jier duorje soe. Underwilens wie benammen Jeropa troch de ferwuostgings yn it ramt fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn in ekonomyske krisis stoart. Yn 'e twadde helte fan 'e fjirtiger jierren waard in begjin makke mei de weropbou, dy't ek yn 'e 1950-er jierren noch hast tsien jier trochgean soe. Oare wichtige ûntwikkelings yn 'e 1940-er jierren wiene de ferbettering fan ynternasjonale gearwurking troch de oprjochting fan 'e Feriene Naasjes , de dekolonisaasje fan dielen fan Aazje en it begjin fan it konflikt tusken Israel en de Arabieren yn it Midden-Easten .
Oersjoch
De earste helte fan 'e 1940-er jierren waard folslein behearske troch de Twadde Wrâldoarloch , dy't yn septimber 1939 útbrutsen wie yn East-Jeropa , doe't nazy-Dútslân in ynfal die yn Poalen . Dêrnei hie de oarloch him almar fierder útwreide. Yn april 1940 die Dútslân tagelyk in ynfal yn Denemark en ien yn Noarwegen , dy't einigen mei de besetting fan dy beide lannen. Yn maaie 1940 folge in Dútske útbraak nei it westen ta, wêrby't yn 'e Slach om Nederlân en de Slach om Belgje de Benelúks -lannen beset waarden, folge troch it noarden en westen fan Frankryk nei de Dútske ynfal yn dat lân . In loftoarloch om 'e iennichst oerbleaune fijân, it Feriene Keninkryk , op 'e knibbels te krijen, waard troch de Dútske Luftwaffe yn 'e Slach om Ingelân lykwols ferlern fan 'e Britske RAF .
Yn 1941 wreide nazy-Dútslân syn ynfloedssfear fierder út, diskear oer East-Jeropa , dêr't earder al Tsjechje beset, Poalen ferovere en Slowakije ta in fazalsteatsje makke wie. Hongarije , Roemeenje en Bulgarije tekenen bûnsgenoatskippen mei de As (besteande út nazy-Dútslân , Itaalje en Japan ), wylst Grikelân ferovere waard en Joegoslaavje by itselde lot trof. Ein juny 1941 folge mei Operaasje Barbarossa de Dútske oanfal op 'e Sovjet-Uny , wêrmei't Dútslân earder noch it Molotov-Ribbentrop-pakt sletten hie. De Dútske opmars oan it Eastfront , stipe troch troepen út Finlân , Slowakije , Hongarije , Roemeenje , Itaalje , Kroaasje en Spanje , gie dat it slydjage. Leningrad waard besingele , de Oekraïne , de nôtskuorre fan Jeropa, waard mei gemak ynlive en allinnich it ynfallen fan 'e Russyske winter kaam foar dat de Sovjet -haadstêd Moskou yn Dútske hannen foel.
Betty Grable wie in ferneamd pin-upmodel , hjir op in foto út 1943 .
Underwilens wie oan 'e oare kant fan 'e wrâld al yn 'e 1930-er jierren de opmars fan Japan begûn, wêrby't grutte dielen fan Sina beset wiene . Mei de Japanske oanfal op Pearl Harbor , in marinebasis op Hawaï , waarden ek de Feriene Steaten ein 1941 yn 'e Twadde Wrâldoarloch belutsen. Neitiid waarden de Amerikanen yn 'e Filipinen ferslein en koe Japan ek dat gebiet besette . Dêrnei foelen de Japanners de Britske , Nederlânske en Frânske koloanjes yn Súdeast-Aazje binnen en feroveren dy gebieten.
De omkear yn 'e oarloch begûn mei de Slach by Midway , yn juny 1942 , wêrby't de Amerikaanske Marine ôfweefde mei de oppermacht dy't de Japanske Keizerlike Marine oant dy tiid yn 'e Stille Oseaan hie. Yn Noard-Afrika kearde de Britske generaal Bernard Law Montgomery yn novimber 1942 yn 'e Twadde Slach by El Alamein it Dútske Afrikakorps fan fjildmaarskalk Erwin Rommel . Yn Ruslân waard de Dútske opmars ta stean brocht yn 'e skriklike en slepende Slach om Stalingrad , dy't ein jannewaris 1943 úteinlik útrûn op in oerwinning foar de Sovjet-Uny doe't it hiele Dútske 6e Leger him oerjaan moast. Yn 'e Stille Súdsee einige om dyselde tiid hinne de Slach om Guadalcanal yn in Japanske nederlaach, en de rêchbonke fan 'e Dútske Wehrmacht waard yn july 1943 brutsen yn 'e Slach by Koersk , op 'e Jeraziatyske Flakte . Oanhâldende bombardeminten , oerdeis troch de Amerikaanske en nachts troch de Britske loftmacht , fernielden stadichoan de yndustry dy't Dútslân brek wie om 'e oarloch fuort te setten.
De ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch sette yn juny 1944 útein, doe't de Alliëarden op D-Day lânings op 'e kust fan Normanje útfierden en sa in nij front yn it westen iepenen. Dêrwei waard neitiid de Dútske besetting fan West-Jeropa oprôle, al beaen de Dútsers taai ferset dat foar de Alliëarden mei it Ardinnenoffinsyf en de Slach om Arnhim noch foar ferskate tebeksetters soarge. Underwilens teach yn East-Jeropa it Reade Leger op, dêrby ferskriklike oarlochsmisdieden tsjin 'e Dútske boargerbefolking begeand út wraak foar wat de Dútsers de ynwenners fan 'e Sovjet-Uny oandien hiene. De ein kaam mei de Fal fan Berlyn , yn april 1945 , doe't de haadstêd fan it Trêde Ryk troch it Reade Leger ynnommen waard, en de Dútske diktator Adolf Hitler himsels mei in hantsjefol fertroulingen fan kant makke . Mei de oerjefte fan nazy-Dútslân kaam op 7 maaie 1945 in ein oan 'e Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa.
Tsjin dy tiid wie oan 'e oare kant fan 'e wrâld de striid tsjin Japan ek yn in einfaze oanbelâne. Mei it saneamde eilânhuppen , it eilân foar eilân weromrôljen fan 'e Japanske besetting yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan, wie Japan flink yn 'e pine set. Nettsjinsteande dat waard om elts eilân in fûleindige striid levere, dy't net selden einige yn 'e kollektive selsmoard fan it restearjende Japanske garnizoen . De Slach om Iwo Jima en de Slach om Okinawa binne de bekendste foarbylden fan dat stadium fan 'e oarloch. Doe't de Japanners hielendal weromkrongen wiene nei harren eigen eilannen , mar noch net fan opjaan witte woene, besleat it Amerikaanske regear om in nij wapen yn te setten, de atoombom . Nei de atoombombardeminten fan Hiroshima en Nagasaki joech Japan him op 15 augustus 1945 oer oan 'e Alliëarden, wêrmei't de Twadde Wrâldoarloch beëinige waard.
De Konferinsje fan Jalta , yn febrewaris 1945 , mei (sittend f.l.n.rj.) de Britske premier Winston Churchill , de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt , en Sovjet-lieder Josef Stalin .
Tsjin dy tiid wie bekend wurden dat de nazys yn Jeropa genoside bedreaun hiene tsjin beskate befolkingsgroepen: by de Holokaust wiene 6 miljoen Joaden fermoarde , en by de Porajmos wiene 500.000 Roma ombrocht. De nazys hiene dêrfoar spesjale ferneatigingskampen boud, dêr't sokke ûnwinske persoanen sa effisjint mooglik, troch it gebrûk fan gaskeamers , op in suver yndustriële skaal deade waarden. De nammen fan sokke konsintraasjekampen , lykas Auschwitz , Sobibor , Treblinka , Bergen-Belsen , Buchenwald , Ravensbrück , Mauthausen en Dachau , waarden kweaferneamd. De Alliëarden setten útein mei de berjochting fan 'e ferantwurdliken (ynsafier't se dy te pakken krigen hiene). Ytliken fan dyselden waarden by de Prosessen fan Neurenberch ta de deastraf feroardiele. Itselde lot trof in oansjenlik tal Japanske militêren, dy't ferantwurdlik wiene foar de freeslike behanneling fan Westerske en Aziatyske finzenen yn 'e saneamde jappekampen .
De lânkaart fan East-Jeropa waard nei de Twadde Wrâldoarloch op 'e nij tekene. De grutste feroarings wiene dat de Sovjet-Uny de Baltyske steaten en dielen fan Finlân , Poalen , East-Prusen , Tsjechoslowakije en Roemeenje anneksearre , wylst de westgrins fan Poalen yn it neidiel fan Dútslân nei it westen ta opskood waard. Dútslân ferlear dêrtroch net inkeld East-Prusen, mar ek Pommeren en Sileezje . De Oder-Neissegrins waard de nije grins mei Poalen. Yn it ramt fan dizze feroarings waarden miljoenen etnyske Dútsers ferdreaun út 'e gebieten dy't no by Poalen en de Sovjet-Uny kamen te hearren, wylst ek Dútske minderheid yn Tsjechoslowakije foar in grut part it lân útset waard. Dútslân sels, en ek Eastenryk , dat ûnder de oarloch diel útmakke hie fan nazy-Dútslân, waarden opdield yn besettingssônes fan 'e fjouwer foarnaamste Alliëarden: de Feriene Steaten , it Feriene Keninkryk , Frankryk en de Sovjet-Uny .
Om it ferwuostge Jeropa der nei de oarloch ekonomysk wer boppe-op te helpen, setten de Feriene Steaten útein mei in wiidweidich finansjeel projekt om 'e weropbou te ûnderstypjen, dat it Marshallplan kaam te hjitten. Yn Poalen , Tsjechoslowakije , Hongarije , Roemeenje , Bulgarije , Joegoslaavje en Albaanje kamen koart foar of nei de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch al of net mei help fan it Reade Leger kommunistyske rezjyms oan 'e macht, dy't fan dy lannen in rige fazalsteaten fan 'e Sovjet-Uny makken. De Westerske Alliëarden seagen dat mei oanwaaksende ûngerêstheid oan, en it duorre net lang ear't der groeiende ûnienichheid tusken harren en de Sovjet-Uny ûntstie.
Yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren ûntjoech him dy ûnienichheid ta in konflikt dat de Kâlde Oarloch kaam te hjitten, mei as hichtepunten de Grykske Boargeroarloch en de Blokkade fan Berlyn . By dat lêste treffen besocht de Sovjet-Uny de trije Westerske besettingssônes yn 'e Dútske haadstêd Berlyn te isolearjen, wêrnei't de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Frankryk in loftbrêge ynsetten om harren dielen fan 'e stêd te befoarriedzjen. Yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch moat ek de formalisearring fan 'e opdieling fan Dútslân sjoen wurde, mei de oprjochting, yn 1949 , fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân (of West-Dútslân), besteande út 'e trije Westerske besettingssônes, en fan 'e Dútske Demokratyske Republyk (DDR of East-Dútslân), besteande út 'e besettingssône fan 'e Sovjet-Uny. Itselde barde yn Koreä , dêr't yn 1948 de Amerikaanske besettingssône ûnôfhinklik waard as de Republyk Koreä (Súd-Koreä), wylst hast tagelyk de besettingssône fan 'e Sovjet-Uny útroppen waard ta de Demokratyske Folksrepublyk Koreä (Noard-Koreä). Yn 1949 rjochten de Feriene Steaten, Kanada en tsien Westjeropeeske lannen de NATO op, in militêr bûnsgenoatskip dat rjochte wie tsjin 'e Sovjet-Uny.
Yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren waard fierders ek in begjin makke mei it dekolonisaasjeproses yn Aazje , dêr't it Feriene Keninkryk Britsk-Ynje , Britsk-Birma en Britsk-Seylon opjoech, de Feriene Steaten ûnôfhinklikheid skonken oan 'e Filipinen , en Nederlân ôfstân dwaan moast fan Nederlânsk-Ynje , nei't it him dêr ûnder de Polisjonele Aksjes om 'e nocht tsjin ferset hie. Yn 1948 waard boppedat de steat Israel selsstannich, as in thúslân foar de yn de Twadde Wrâldoarloch sa ferfolge Joaden . Dat soe liede ta santich jier fan oanhâldende konflikten yn it Midden-Easten mei anno 2018 noch gjin ein yn sicht. Ek ûntstie nei de Twadde Wrâldoarloch gruttere ynternasjonale gearwurking, û.m. troch de oprjochting fan 'e Feriene Naasjes , de Ried fan Jeropa en de Benelúks .
Finske soldaten ûnder de Winteroarloch mei de Sovjet-Uny .
De binnenstêd fan Rotterdam nei it Dútske Bombardemint fan Rotterdam .
De Britske haadstêd Londen nei Dútske bombardeminten ûnder de Slach om Ingelân , mids 1940 .
In groep oppakte Roma yn it Dútske Asperg , yn maaie 1940 , wachtsjend om ôffierd te wurden nei de ferneatigings-kampen .
Wichtichste foarfallen
1940
30 jannewaris - De Sechsde Alvestêdetocht wurdt wûn troch it saneamde 'Pakt fan Dokkum' (Auke Adema , Durk van der Duim , Cor Jongert , Piet Keijzer en Sjouke Westra ) yn in tiid fan 11 oeren en 30 minuten .
17 febrewaris - Yn 'e Winteroarloch tusken Finlân en de Sovjet-Uny wit it Reade Leger einlings troch de Finske Mannerheimliny hinne te brekken.
13 maart - Nei ûnderhannelings komt mei it Ferdrach fan Moskou in ein oan 'e Winteroarloch tusken Finlân en de Sovjet-Uny . Finlân, dat de oarloch nei fûleindige wjerstân ferlern hat, moat oansjenlike dielen fan syn grûngebiet opjaan. Dit is it begjin fan 'e saneamde Tuskenfrede , dy't duorje sil oant en mei 24 juny 1941 .
9 april - Nazy-Dútslân docht in ynfal yn Denemark . It Deenske regear beslút om gjin ferset te bieden, en it lân kapitulearret dêrom deselde deis al.
9 april - Nazy-Dútslân docht in ynfal yn Noarwegen . De Noaren biede fûleindich ferset.
12 april - Britske besetting fan de Fêreu-eilannen .
15 april - Britske , Frânske en Poalske troepen lânje by Narvik , yn noardlik Noarwegen , om mei te fjochtsjen yn 'e Noarske Fjildtocht .
27 april - De Alliëarden lûke harren troepen werom út Noarwegen .
10 maaie - Nazy-Dútslân docht in ynfal yn Nederlân . Fryslân wurdt frijwol daliks beset.
10 maaie - Nazy-Dútslân docht in ynfal yn Belgje . De Belgen fersette harren fûleindich, mar wurde al rillegau tebekkrongen. Underwilens wurdt ek Lúksemboarch troch de Dútsers beset.
10 maaie - Britske besetting fan Iislân .
11 maaie - Yn 'e Slach om Nederlân brekke de Dútsers troch de Peel-Raamstelling , wêrnei't se Noard-Brabân besette.
11 maaie - Yn it Feriene Keninkryk foarmet Winston Churchill in oarlochskabinet.
12 maaie - De Dútske opmars yn Nederlân wurdt op de Feluwe nei swiere gefjochten ta stean brocht yn 'e Slach om de Grebbeberch . Fia Noard-Brabân berikke de Dútsers lykwols de Moerdykbrêgen by Rotterdam .
13 maaie - Yn it ramt fan 'e Dútske ynfal yn Nederlân wurdt de fijân yn Fryslân de tagong ta de Ofslútdyk ûntsein yn 'e Slach by Koarnwertersân . Keninginne Wilhelmina fan 'e Nederlannen giet yn ballingskip yn it Feriene Keninkryk .
14 maaie - By it Bombardemint fan Rotterdam troch de Dútske Luftwaffe komme sa'n 900 Nederlanners om.
15 maaie - Nei it drigemint fan 'e Dútsers om ek Utert te bombardearjen, jout Nederlân him oer . Allinne yn Seelân wurdt noch fierder fochten.
15 maaie - Nazy-Dútslân docht in ynfal yn Frankryk .
19 maaie - De Alliëarden lûke har werom út Seelân en dêrmei fan it hiele grûngebiet fan Nederlân .
26 maaie - Begjin fan Operaasje Dynamo , de evakuaasje fan Alliëarde troepen út 'e troch de Dútsers ynsletten Frânske havenstêd Dúntsjerk .
28 maaie - Belgje jout him oer oan nazy-Dútslân .
3 juny - Operaasje Dynamo foltôge. Yn totaal binne der 240.000 Britske en 110.000 Frânske soldaten út 'e troch de Dútsers ynsletten Frânske havenstêd Dúntsjerk oer It Kanaal nei Ingelân ta evakuëarre.
9 juny - Noarwegen jout him oer oan nazy-Dútslân .
10 juny - Itaalje ferklearret de oarloch oan Frankryk en it Feriene Keninkryk .
12 juny - Spanje ferklearret him neutraal yn 'e Twadde Wrâldoarloch .
15 juny - Litouwen wurdt beset troch de Sovjet-Uny .
17 juny - Italjaanske troepen dogge in ynfal yn súdlik Frankryk .
20 juny - Letlân wurdt beset troch de Sovjet-Uny .
22 juny - Frankryk jout him oer oan nazy-Dútslân . It lân wurdt opdield yn in troch de Dútsers besette sône (it noarden en de westkust, Parys ynbegrepen) en in 'frije sône', dy't bekend komt te stean as Vichy-Frankryk . Dêr kriget in kollaborearjend rezjym it foar it sizzen.
22 juny - Estlân wurdt beset troch de Sovjet-Uny .
23 juny - It Feriene Keninkryk erkent it Komitee fan de Frije Frânsen , fan kolonel Charles de Gaulle , as it legitime regear fan Frankryk .
24 juny - Mei it Ferdrach fan Rome slute Frankryk en Itaalje in wapenstilstân .
27 juny - De Sovjet-Uny docht in ynfal yn Roemeenje . De eastlike lânstreken Bessaraabje en de noardlike Bûkovina wurde beset en anneksearre .
9 july - De Britske loftmacht , de RAF , begjint mei nachtlike bombardeminten fan nazy-Dútslân .
10 july - Maarskalk Philippe Pétain wurdt presidint fan Vichy-Frankryk .
28 july - Earste útstjoering fan Radio Oranje , de radiostjoerder fan it Nederlânske regear-yn-ballingskip yn Londen .
3 augustus - Estlân , Letlân en Litouwen wurde troch de Sovjet-Uny anneksearre .
4 augustus - Italjaanske troepen falle de koloanje Britsk-Somalilân binnen.
7 augustus - It Feriene Keninkryk en it Komitee fan de Frije Frânsen , fan kolonel Charles de Gaulle , slute in formeel bûnsgenoatskip.
13 augustus - De Slach om Ingelân barst los, wêrby't de Dútske loftmacht , de Luftwaffe , besiket om 'e Britten troch bombardeminten fan boargerdoelen op 'e knibbels te krijen.
20 augustus - Leon Trotski , de iere lieder fan 'e Sovjet-Uny dy't yn ballingskip yn Meksiko libbet, wurdt fermoarde troch de Spaanske kommunist Ramón Mercader .
30 augustus - By de saneamde Wiener Schiedsspruch beslute nazy-Dútslân en Itaalje dat Roemeenje de noardlike helte fan Transsylvaanje ôfstean moat oan Hongarije .
4 septimber - Pieter Sjoerds Gerbrandy wurdt premier fan it Nederlânske regear-yn-ballingskip .
12 septimber - Italjaanske troepen falle fan Syrenaika út Egypte oan.
26 septimber - Japan falt Frânsk-Yndo-Sina binnen.
27 septimber - Yn Berlyn slute nazy-Dútslân , Itaalje en Japan it Trijegrutmachtepakt, better bekend as de As .
28 oktober - Itaalje docht in ynfal yn Grikelân , fanút it al earder besette Albaanje .
13 novimber - Grikelân slacht de Italjaanske oanfal ôf en giet yn 'e tsjinoanfal.
20 novimber - Hongarije wurdt lid fan 'e As .
23 novimber - Roemeenje en Slowakije wurde lid fan 'e As .
20 desimber - Begjin fan 'e Tsjetsjeenske Opstân yn it suden fan 'e Sovjet-Uny .
Australyske soldaten ûnder it Belis fan Tobrûk , yn 1941 .
It Amerikaanske slachskip de USS Arizona yn 'e brân nei de Japanske oanfal op Pearl Harbor .
Stânrjochtlike eksekúsjes fan opstannelingen troch de Dútsers yn it besette diel fan 'e Sovjet-Uny .
De Dútske diktator Adolf Hitler .
1941
22 jannewaris - Britske en Australyske troepen feroverje Tobruk , yn Lybje , en nimme 25.000 Italjaanske soldaten kriichsfinzen .
24 jannewaris - Britske troepen falle it troch Itaalje besette Abessynje binnen.
6 febrewaris - De Sânde Alvestêdetocht wurdt wûn troch Auke Adema yn in tiid fan 9 oeren en 19 minuten .
14 febrewaris - De earste ûnderdielen fan it Dútske Afrikakorps arrivearje yn Italjaansk-Lybje , om 'e weromlûkende Italjaanske troepen dêre te fersterkjen.
25 -26 febrewaris - De Febrewarisstaking is it earste massale ferset tsjin 'e Dútske besetter yn Nederlân , en it iennichste massale protest tsjin 'e Joadeferfolging troch nazy-Dútslân .
1 maart - Bulgarije wurdt lid fan 'e As .
11 maart - It Amerikaanske Kongres nimt de Lien-Pachtwet oan. Begjin fan it Lien-Pachtprogramma , wêrmei't de Feriene Steaten de Alliëarden fan materieel foarsjogge.
25 maart - Nei swiere Dútske druk wurdt Joegoslaavje lid fan 'e As .
27 maart - By de Joegoslavyske Revolúsje fan 1941 wurde prins -regint Paul en premier Dragiša Cvetković ôfset troch it leger , dat fel tsjin is op 'e Joegoslavyske oansluting by de As .
3 april - By in steatsgreep komt yn Irak in pro-Dútsk rezjym ûnder Rasjyd al-Gailani oan 'e macht.
5 april - Addis Abeba , de haadstêd fan Abessynje , wurdt troch Britske troepen befrijd fan 'e besetting troch de Italjanen .
6 april - It begjin fan Operaasje Marita , de Dútske ynfal yn Grikelân en yn Joegoslaavje .
8 april - Mei de Fal fan Tessaloniky stoart de ferdigening fan noardlik Grikelân tsjin 'e Dútsers yn.
10 april - Begjin fan it Belis fan Tobrûk , yn Italjaansk-Lybje , dêr't Australyske , Nijseelânske en Poalske troepen stânhâlde tsjin it Dútske Afrikakorps .
10 april - De Unôfhinklike Steat Kroaasje wurdt útroppen, as in fazalsteat fan nazy-Dútslân .
17 april - Joegoslaavje jout him oer oan nazy-Dútslân .
17 april - Britske troepen falle Irak binnen. Begjin fan 'e Britsk-Iraakske Oarloch .
21 april - Grikelân jout him oer oan nazy-Dútslân . Kening George II nimt mei it Grykske regear de wyk nei Kreta .
22 april - Begjin fan 'e evakuaasje fan 'e Alliëarde troepen fan it fêstelân fan Grikelân nei Kreta .
1 maaie - De evakuaasje fan 'e Britske , Australyske , Nijseelânske , Poalske en Grykske troepen fan it Grykske fêstelân nei Kreta wurdt foltôge.
10 maaie - Rudolf Hess , de pleatsferfanger fan 'e Dútske diktator Adolf Hitler , fljocht op eigen manneboet nei Grut-Brittanje om frede te sluten. Nei't er in needlâning meitsje moat yn Skotlân , wurdt er troch de Britten finzen set.
20 maaie - Begjin fan 'e Slach om Kreta , wêrby't de Dútsers op it Grykske eilân Kreta lânje.
27 maaie - Begjin fan 'e evakuaasje fan 'e Alliëarde troepen fan Kreta nei Egypte .
30 maaie - Britske troepen marsjearje yn it ramt fan 'e Britsk-Iraakske Oarloch de Iraakske haadstêd Bagdad binnen en helje dêr it pro-Dútske regear fan Rasjyd al-Gailani ûnder fuotten.
8 juny - De Britten en Frije Frânsen falle Syrje binnen, dat yn 'e hannen is fan it kollaborearjende Vichy-Frankryk .
15 juny - Kroaasje wurdt lid fan 'e As .
21 juny - De Britten en Frije Frânsen feroverje de Syryske haadstêd Damaskus op 'e troepen fan Vichy-Frankryk .
22 juny - Operaasje Barbarossa giet fan start: nazy-Dútslân falt de Sovjet-Uny binnen. Ek Itaalje en Roemeenje ferklearje de Sovjet-Uny de oarloch.
23 juny - Slowakije ferklearret de Sovjet-Uny de oarloch.
25 juny - Finlân ferklearret de Sovjet-Uny de oarloch. Dit is de ein fan 'e Tuskenfrede en it begjin fan 'e saneamde Ferfolchoarloch (d.w.s. in ferfolch op 'e Winteroarloch fan 1939 -1940 ).
27 juny - Begjin fan 'e striid fan 'e Joegoslavyske partizanen ûnder lieding fan Josip Broz Tito tsjin 'e Dútske besetters.
29 juny - Minsk , de haadstêd fan 'e Sosjalistyske Sovjetrepublyk Wyt-Ruslân , wurdt ferovere troch de Dútsers .
2 -3 july - De Dútsers en de pleatslike Oekraynske befolking rjochtsje ûnder Joaden yn Lvov (Lemberg) by de pogroms fan Lvov in bloedbad oan, wêrby't sa'n 7.000 minsken omkomme.
3 july - De lêste troepen fan Vichy-Frankryk yn Syrje jouwe har oer oan de Britten en Frije Frânsen .
7 july - Amerikaanske troepen lânje op Iislân om dêr mei ynstimming fan it Iislânske regear en de Deenske ambassadeur yn Washington, D.C. militêre bases yn te rjochtsjen en de ferdigening fan it lân tsjin in eventuële Dútske oanfal oer te nimmen fan 'e Britten .
12 july - Yn Moskou ûndertekenje it Feriene Keninkryk en de Sovjet-Uny in militêr bûnsgenoatskip.
29 july - Vichy-Frankryk slút in oerienkomst mei Japan en akseptearret de Japanske militêre besetting fan Frânsk-Yndo-Sina .
9 augustus - Foar de kust fan Nijfûnlân , oan board fan it Britske oarlochsskip de Prince of Wales , moetsje de Britske premier Winston Churchill en de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt inoar.
25 augustus - Britske en Sovjet -troepen dogge in ynfal yn Perzje nei de wegering fan 'e sjah om fanwegen te kommen tsjin pro-Dútske aktiviteiten yn syn lân.
27 augustus - Sjah Reza Pahlavi fan Perzje docht ûnder twang fan 'e Alliëarden ôfstân fan 'e troan yn it foardiel fan syn soan Mohammed Reza Pahlavi .
30 augustus - Yn Servje wurdt in Dútsk sokpoprezjym opset ûnder lieding fan generaal Milan Nedić .
3 septimber - Yn it Dútske ferneatigingskamp Auschwitz fine de earste massale fergassings mei it gifgas Zyklon B plak.
8 septimber - Dútske en Finske troepen slute de stêd Leningrad yn. Dêrmei begjint it Belis fan Leningrad .
19 septimber - Kiëv , de haadstêd fan 'e Sosjalistyske Sovjetrepyblyk Oekraïne , falt yn Dútske hannen. Sûnt it begjin fan Operaasje Barbarossa binne der al mear as 3 miljoen Sovjet -soldaten troch de Dútsers kriichsfinzen nommen.
23 septimber - Generaal Charles de Gaulle rjochtet yn Londen in Frânsk regear-yn-ballingskip op.
28 septimber - Sovjet-lieder Josef Stalin heft by dekreet de Autonome Sovjetrepublyk fan de Wolgadútsers op. Begjin fan 'e massale deportaasje fan 400.000 Wolgadútsers nei Sibearje en Kazachstan .
29 septimber - By it Bloedbad fan Babi Jar , by Kiëv , fermoardzje de Dútsers 35.000 Joadske manlju , froulju en bern .
15 oktober - It regear fan 'e Sovjet-Uny en de bûtenlânske diplomatike fertsjintwurdigings nimme by it neieroankommen fan 'e Dútsers de wyk út Moskou nei de eastlike leine stêd Kûjbisjev .
25 oktober - Oant it Eastfront begjint de Slach om Moskou .
2 novimber - De Četniks , in royalistyske Servyske guerrilja -organisaasje ûnder lieding fan generaal Dragoljub Mihailović , docht mei goedfinen fan 'e Dútsers in oanfal op 'e Joegoslavyske partizanen fan Josip Broz Tito . Dit is it begjin fan 'e boargeroarloch yn beset Joegoslaavje .
18 novimber - De lêste Italjaanske troepen yn Abessynje jouwe har oer oan 'e Britten . Dêrmei is Abessynje, dat sûnt de ein fan 'e Twadde Italjaansk-Abessynske Oarloch , yn 1936 , troch Itaalje beset holden waard, einlings befrijd.
27 novimber - Oan it slepende Belis fan Tobrûk , yn Italjaansk-Lybje , komt in ein as de úthongere Alliëarde ferdigeners ûntset wurde troch it Britske 8e Leger .
7 desimber - Mei de troch Japan útfierde oanfal op Pearl Harbor , in marinebasis op Hawaï , reitsje de Feriene Steaten by de Twadde Wrâldoarloch belutsen.
7 desimber - Panama ferklearret de oarloch oan Japan .
8 desimber - De Feriene Steaten , it Feriene Keninkryk , Nederlân , Nij-Seelân , Kanada , Súd-Afrika , it regear-yn-ballingskip fan Poalen , de Dominikaanske Republyk , El Salvador , Haïty , Hondoeras , Kosta Rika en Nikaragûa ferklearje de oarloch oan Japan .
9 desimber - Austraalje , Gûatemala en Kuba ferklearje de oarloch oan Japan . Sina , dat al sûnt it begjin fan 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch yn 1936 yn oarloch is mei Japan, ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Itaalje .
11 desimber - Nazy-Dútslân en Itaalje ferklearje de oarloch oan 'e Feriene Steaten . Nederlân ferklearret de oarloch oan Itaalje . De As -grutmachten nazy-Dútslân, Itaalje en Japan ûnthjitte inoar gjin ôfsûnderlike frede slute te sillen mei de Alliëarden .
16 desimber - It regear-yn-ballingskip fan Tsjechoslowakije ferklearret de oarloch oan Japan .
20 desimber - Belgje ferklearret de oarloch oan Itaalje .
25 desimber - Nei in belegering fan twa wiken feroverje de Japanners de Britske koloanje Hongkong .
Amerikaanske marinierskorpss ûnder de Slach om Guadalcanal , yn 'e Salomonseilannen .
Soldaten fan it Reade Leger yn 'e tsjinoanfal ûnder de Slach om Stalingrad .
Hongaarske Joaden arrivearje yn it Dútske ferneatigingskamp Auschwitz .
1942
1 jannewaris - Troch 26 Alliëarde lannen wurdt it Pakt fan Washington sletten, wêrby't de lidsteaten ûnthjitte gjin ôfsûnderlike frede slute te sillen mei de As -grutmachten.
7 jannewaris - Begjin fan 'e Slach om Bataan , wêrby't Amerikaanske en Filipynske troepen op it skiereilân Bataan , yn 'e Filipinen , belegere wurde troch de Japanners .
10 jannewaris - Mei de lâning fan Japanske troepen op Selebes begjint de ynvaazje fan Nederlânsk-Ynje .
20 jannewaris - Op 'e Wannsee-konferinsje beslist de lieding fan 'e Nasjonaal-Sosjalistyske Dútske Arbeiderspartij (NSDAP) ta de totale genoside op 'e Joaden , dy't omskreaun wurdt as de Endlösung der Judenfrage .
22 jannewaris - De Achtste Alvestêdetocht wurdt wûn troch Sietze de Groot yn in tiid fan 8 oeren en 44 minuten . De winterkjeld is tige strang; der komme trije dielnimmers om troch ûnderkuolling en befriezingsferskynsels.
12 febrewaris - Perû ferklearret nazy-Dútslân , Itaalje en Japan de oarloch.
15 febrewaris - By de ynname troch de Japanners fan 'e Britske koloanje Singapoer wurde 138.000 Britske en Australyske soldaten kriichsfinzen nommen.
20 febrewaris - De Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt autorisearret de ynternearring fan de Japanske Amerikanen yn kampen yn Utah en Kolorado .
27 febrewaris - By de Slach yn de Javasee weeft de Japanske Keizerlike Marine handich ôf mei in Nederlânsk -Britsk -Amerikaansk -Australyske float ûnder de Nederlânske skout-by-nacht Karel Doorman .
28 febrewaris - De earste Japanske troepen lânje op Java .
8 maart - It Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger (KNIL) kapitulearret foar de Japanners . Begjin fan 'e Japanske besetting fan Nederlânsk-Ynje .
9 maart - De Japanners feroverje Rangoon , de haadstêd fan 'e Britske koloanje Birma .
9 april - De Amerikaanske en Filipynske troepen op it skiereilân Bataan , yn 'e Filipinen , jouwe har oer. Ein fan 'e Slach om Bataan , mar it begjin fan 'e Deademars fan Bataan , wêrby't de Japanners 60.000 oant 80.000 Filipynske en Amerikaanske kriichsfinzenen op ûnminsklike wize 112 km opdriuwe nei it plak dêr't se op 'e trein set wurde kinne nei kriichsfinzenekampen . Skattings oer it tal deadlike slachtoffers rinne útinoar fan 5.650 oant 18.000.
18 april - De Amerikaanske Loftmacht fiert it earste bombardemint op 'e Japanske haadstêd Tokio út, dat bekend komt te stean as de Doolittle Raid , nei de befelfierder, luitenant-kolonel James H. Doolittle .
5 -6 maaie - By de Slach om Corregidor feroverje de Japanners it eilân Corregidor , yn 'e Baai fan Manilla . Dêrmei komt in ein oan alle Amerikaanske wjerstân yn 'e Filipinen .
7 -8 maaie - By de Slach yn de Koraalsee bringe de Feriene Steaten de Japanske opmars yn 'e Stille Súdsee ta stilstân.
22 maaie - Meksiko ferklearret nazy-Dútslân , Itaalje en Japan de oarloch.
27 maaie - It Tsjechyske ferset docht in moardoanslach op 'e foaroansteande SS -ofsier Reinhard Heydrich , dy't swierferwûne rekket (en op 4 juny stjert).
4 -7 juny - Yn 'e Slach by Midway meitsje de Amerikanen in ein oan 'e Japanske oppermacht yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan .
5 juny - De Feriene Steaten ferklearje de oarloch oan Bulgarije , Roemeenje en Hongarije .
9 -10 juny - As represaille foar de moard op Reinhard Heydrich meitsje de Dútsers it Tsjechyske doarp Lidice mei de grûn lyk . De ynwenners wurde foar in diel daliks fermoarde en foar in oar diel ôffierd nei de konsintraasjekampen om dêr letter fermoarde te wurden.
12 juny - Adolf Hitler kart it troch de SS opstelde Generalplan-Ost goed, dat delkomt op de ynfiering fan 'e slavernij foar de Slavyske befolking fan 'e ferovere gebieten yn East-Jeropa .
14 juny - Yn Nederlânsk-Ynje begjinne de Japanners mei de ynternearring fan manlike Jeropeänen yn 'e jappekampen .
1 -27 july - Yn Egypte einiget de Earste Slach by El Alamein tusken de Dútsers en de Alliëarden yn in ympasse.
8 july - Anne Frank en har famylje dûke ûnder yn it 'achterhûs' oan 'e Amsterdamske Prinsengracht .
7 augustus - Yn 'e Stille Súdsee begjint de Slach om Guadalcanal mei Amerikaanske lânings op it eilân Guadalcanal , yn 'e Salomonseilannen .
19 augustus - De troch de Alliëarden útfierde Wraam op Dieppe , oan 'e kust fan noardlik Frankryk , mislearret folslein. Se moatte har mei swiere ferliezen weromlûke.
22 augustus - Brazylje ferklearret nazy-Dútslân , Itaalje en Japan de oarloch nei oanhâldende oanfallen op Brazyljaanske keapfardijskippen .
23 augustus - Oan it Eastfront begjint oan de Wolga de bloedige en slepende Slach om Stalingrad .
27 augustus - Kuba ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Itaalje .
30 augustus - Nazy-Dútslân anneksearret it Gruthartochdom Lúksemboarch .
10 septimber - Britske troepen lânje op 'e kust fan 'e Frânske koloanje Madagaskar , dy't yn 'e hannen is fan Vichy-Frankryk .
23 septimber - De Britten besette Antananarivo , de haadstêd fan 'e Frânske koloanje Madagaskar .
1 oktober - Súd-Karinsje en Súd-Stiermarken (dielen fan Sloveenje ) wurde anneksearre troch nazy-Dútslân .
23 oktober -11 novimber - Yn 'e Twadde Slach by El Alamein makket de Britske generaal Bernard Law Montgomery foargoed in ein oan 'e opmars yn Noard-Afrika fan it Dútske Afrikakorps fan fjildmaarskalk Erwin Rommel .
8 novimber - By Operaasje Torch jout de Amerikaanske generaal Dwight Eisenhower leiding oan 'e lânings fan Alliëarde troepen yn 'e Vichy-Frânske koloanjes Marokko en Algerije . Dêrmei komme de Alliëarden Vichy-Frankryk folslein oer it mad, en sadwaande wurdt der amper ferset bean.
11 novimber - Dútske troepen besette de saneamde Frânske 'frije sône': ein oan 'e behyplike autonomy fan Vichy-Frankryk .
27 novimber - Om in ynbeslachname troch nazy-Dútslân foar te kommen bringt de float fan Vichy-Frankryk himsels yn 'e marinehaven fan Toulon ta sinken.
14 desimber - Abessynje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan .
Dútske tanks ûnder de Slach by Koersk .
De Earste Konferinsje fan Kaïro , yn novimber 1943 , mei f.l.n.rj. de Sineeske presidint Chiang Kai-shek , de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt en de Britske premier Winston Churchill .
De Italjaanske diktator Benito Mussolini .
1943
16 jannewaris - Irak ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân , Itaalje en Japan .
20 jannewaris - Begjin fan 'e Slach oan de Neretva , ien fan 'e grutste Dútske offinsiven tsjin 'e Joegoslavyske partizanen .
23 jannewaris - Op 'e Konferinsje fan Kasablanka beslute de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt , de Britske premier Winston Churchill en Sovjet-lieder Josef Stalin ta de ynvaazje fan Sisylje .
31 jannewaris -2 febrewaris - Oan it Eastfront wurdt de Slach om Stalingrad beëinige mei in eklatante oerwinning foar de Sovjet-Uny . De Dútske fjildmaarskalk Friedrich Paulus jout him oer mei de restanten fan it Dútske 6e Leger .
7 febrewaris - Mei de evakuaasje fan 'e Japanske troepen fan it eilân Guadalcanal , yn 'e Stille Súdsee , komt nei persiis in healjier in ein oan 'e Slach om Guadalcanal .
18 febrewaris - Yn München wurdt de Dútske fersetsgroep Die Weiße Rose troch de nazys oprôle.
22 febrewaris - De lieders fan 'e Dútske fersetsgroep Die Weiße Rose , Hans Scholl , syn suster Sophie Scholl en Christoph Probst , wurde stânrjochtlik eksekutearre .
28 febrewaris - It Noarske ferset fiert yn Vemork in sabotaazje-aksje út op in fabryk dêr't swierwetter produsearre wurdt. Dêrtroch rint de ûntwikkeling fan in Dútske atoombom slimme fertraging op.
2 maart - Mei de oerwinning yn 'e Slach yn de Bismarcksee makket Austraalje it foar de Japanners ûnmooglik om 'e striid op Nij-Guineä fuort te setten.
7 april - Bolivia ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân , Itaalje en Japan .
13 april - De Dútsers ûntdekke yn 'e neite fan 'e Russyske stêd Smolensk it massagrêf fan it Bloedbad fan Katyn , dêr't Sovjet -troepen yn 1940 10.000 kriichsfinzen Poalske ofsieren fermoarde hawwe.
19 april -16 maaie - By de Opstân yn it Getto fan Warsjau nimme de dêr fêstsittende Joaden de wapens op tsjin 'e Dútske SS -troepen .
29 april -3 maaie - Yn Nederlân wurdt de Molkstaking holden út protest tsjin 'e Dútske feroardering dat Nederlânske militêren wer yn kriichsfinzenskip moatte.
13 maaie - De lêste Dútske en Italjaanske troepen yn Noard-Afrika jouwe har oer oan 'e Alliëarden . Dêrby wurde 250.000 man kriichsfinzen nommen.
simmer - Yn noardlik Irak brekt de Trêde Koerdysk-Arabyske Oarloch út.
5 july - Oan it Eastfront begjint de Slach by Koersk , de grutste tankslach dy't ea útfochten is.
10 july - De westlike Alliëarden fiere ûnder lieding fan 'e Britske fjildmaarskalk Bernard Law Montgomery en de Amerikaanske generaal George S. Patton de ynvaazje fan Sisylje út ûnder de koadenamme Operaasje Husky.
25 july - By in steatsgreep wurdt yn Itaalje de faksistyske diktator Benito Mussolini ôfset en finzen nommen. Kening Fiktor Emanuel III stelt in nij regear yn ûnder lieding fan maarskalk Pietro Badoglio . Deselde deis noch begjint de Dútske ynfal yn Itaalje .
26 july - Kolombia ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân , Itaalje en Japan .
15 augustus - Amerikaanske troepen foltôgje de werovering fan Kiska , it lêste eilân fan 'e Aleoeten (yn Alaska ) dat noch yn Japanske hannen wie.
23 augustus - De Slach by Koersk , oan it Eastfront , einiget yn in oerwinning foar de Sovjet-Uny . Dit is ien fan 'e grutste en wichtichste Dútske nederlagen út 'e Twadde Wrâldoarloch .
3 septimber - It nije regear fan Itaalje slút in wapenstilstân mei de Alliëarden .
9 septimber - Britske en Frije Frânske troepen fiere by Salerno in ynfaazje fan it Italjaanske fêstelân út.
9 septimber - Perzje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân , Itaalje en Japan .
12 septimber - De earste Frije Frânske troepen lânje op it troch de Italjanen besette Korsika .
12 septimber - Dútske kommando's befrije by de saneamde Oerfal yn de Gran Sasso de finzen sette Italjaanske diktator Benito Mussolini .
18 septimber - De Italjaanske diktator Benito Mussolini ropt yn Salò de Italjaanske Sosjale Republyk út, dat in Dútske fazalsteatsje sûnder wiere selsstannichheid wurdt.
4 oktober - De befrijing fan Korsika troch de Frije Frânsen wurdt foltôge.
13 oktober - Itaalje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan .
14 oktober - By in opstân yn it Dútske ferneatigingskamp Sobibor witte tusken de 300 en 600 Joadske finzenen te ûntsnappen.
22 novimber - Libanon ropt de ûnôfhinklikheid út.
22 -26 novimber - Op 'e Earste Konferinsje fan Kaïro wurde besprekkings fierd troch de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt , de Britske premier Winston Churchill en de Sineeske diktator Chiang Kai-shek . Der wurdt ôfsprutsen dat Japan nei de oarloch alle gebiet dat it him sûnt 1894 ta-eigene hat, ôfstean moat.
1 desimber - Op 'e Konferinsje fan Teheran beslute de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt , de Britske premier Winston Churchill en Sovjet-lieder Josef Stalin ta in ynvaazje troch de westlike Alliëarden fan West-Jeropa .
4 -6 desimber - Op 'e Twadde Konferinsje fan Kaïro fiere de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt en de Britske premier Winston Churchill besprekkings mei de Turkske presidint İsmet İnönü .
It ferrinnewearre Midsiuwske Kleaster fan Monte Cassino ûnder de Slach om Monte Cassino , yn 1944 .
De Amerikaanske sjonger en akteur Bing Crosby fersoarget in optreden foar de troepen yn Londen yn 1944 .
De Amerikaanske generaal Dwight Eisenhower sprekt foarôfgeande oan D-Day de troepen ta.
Amerikaanske soldaten geane op Omaha Beach ta, by de lânings op 'e kust fan Normanje , op D-Day (6 juny 1944 ).
Dútske SS-ers ûnder de Opstân fan Warsjau , yn augustus 1944 .
De Amerikaanske generaal Douglas MacArthur giet oan lân op it Filipynske eilân Leyte (1944 ).
1944
17 jannewaris - Begjin fan 'e Slach om Monte Cassino : de Alliëarde opmars yn Itaalje wurdt troch de Dútsers yn 'e Apeninen tsjinkeard by de Gustavliny .
22 jannewaris - Amerikaanske troepen fiere by Anzio , yn Itaalje , in lâningsoperaasje út, mar witte net út harren brêgehaad te kommen. Dit is it begjin fan 'e slepende Slach by Anzio .
27 jannewaris - Nei krapoan twa en in heal jier wurdt oan it Eastfront it Belis fan Leningrad troch de Dútsers opheft.
27 jannewaris - Libearia ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan .
15 febrewaris - Ferwuostging fan it Kleaster fan Monte Cassino by in bombardemint fan 'e Alliëarden ûnder de Slach om Monte Cassino .
23 febrewaris - By de Deportaasje fan de Tsjetsjenen en Yngûsjeten wurde 387.000 Tsjetsjenen en 91.000 Yngûsjeten troch de Sovjet-Uny deportearre út harren heitelân yn 'e noardlike Kaukasus nei Kazachstan en Kirgyzje .
15 maart - Japanske troepen dogge fanút it besette Britsk-Birma in ynfal yn Britsk-Ynje .
18 maart - De fulkaan de Fesuvius , yn súdlik Itaalje , barst foar de lêste kear út . Der falle 26 deaden.
18 maart - Nazy-Dútslân beset Hongarije yn ferbân mei de groeiende selsstannichheid dy't it Hongaarske regear de ôfrûne moannen toant.
19 maart - It Reade Leger stekt de rivier de Dnjestr oer en falt Roemeenje binnen.
18 maaie - Ein fan 'e Slach om Monte Cassino : de Alliëarden witten yn Itaalje einlings troch de Dútske Gustavliny te brekken.
18 -20 maaie - De Sovjet-Uny fiert de deportaasje fan de Krimtataren út. Op beskuldiging fan kollaboraasje mei de Dútsers wurdt it hiele folk , mear 190.000 minsken, út syn heitelân, de Krim , ferwidere en yn ballingskip nei Oezbekistan stjoerd. Sa'n 8.000 Krimtataren komme by de deportaasje om.
2 juny - De Amerikaanske troepen by Anzio witte nei in healjier einlings út harren brêgehaad te brekken. Ein fan 'e Slach by Anzio .
6 juny - D-Day : de Westerske Alliëarden fiere lânings út op 'e kust fan Normanje , yn Frankryk .
10 juny - De SS rjochtet yn Frankryk it Bloedbad fan Oradour-sur-Glane oan, wêrby't de befolking fan in hiel doarp fermoarde wurdt. Mear as 640 minsken komme om.
17 juny - Iislân makket gebrûk fan 'e Dútske besetting fan Denemark om him bestjoerlik folslein los te meitsjen fan 'e Deenske monargy en de sûnt 1918 besteande personele uny te ferbrekken. It lân wurdt no in folslein selsstannige republyk .
1 -22 july - Op 'e Konferinsje fan Bretton Woods , yn 'e Amerikaanske steat Nij-Hampshire , lizze ôffurdigen fan 44 Alliëarde lannen de grûnslach foar it nei-oarlochske wrâldekonomysk stelsel , û.m. mei de oprjochting fan it Ynternasjonaal Monetêr Fûns .
20 july - In groep Dútske ofsieren ûnder lieding fan greve Claus Schenk von Stauffenberg docht in moardoanslach op diktator Adolf Hitler . Dy oerlibbet it en neitiid wurde withoefolle anty-nazistyske ofsieren fan 'e Dútske kriichsmachtûnderdielen oppakt en eksekutearre .
22 july - Yn 'e troch it Reade Leger befrijde Poalske stêd Lublin wurdt it kommunistyske Poalske Komitee foar de Nasjonale Befrijing oprjochte, better bekend as it 'Lublin-Komitee'.
25 july - Befrijing fan Gûam fan 'e Japanske besetting troch troepen fan it Amerikaanske Marinierskorps .
26 july - De Sovjet-Uny erkent it Lublin-Komitee as it legitime regear fan Poalen .
27 july - As earste Dútske ferneatigingskamp wurdt Majdanek befrijd troch it Reade Leger . De ferhalen dy't de oerlibbenen fertelle, binne sa dreech te leauwen dat de Westerske parse ûnwis is oft it net om Sovjet -propaganda giet, en dêrom in ôfwachtsjende hâlding oannimt.
1 augustus - Yn Poalen brekt tsjin 'e Dútske besetting de Opstân fan Warsjau út ûnder lieding fan generaal Tadeusz Bór-Komorowski .
4 augustus - Anne Frank en har famylje wurde yn Amsterdam nei ferrie oppakt troch de Dútsers , om ôffierd te wurden nei de konsintraasjekampen .
6 augustus - De Dútsers begjinne mei de evakuaasje fan 'e konsintraasjekampen beëasten de Weichsel . De finzenen wurde yn ûnminsklike deademarsen nei it westen ta dreaun.
15 augustus - Alliëarde troepen fiere ûnder lieding fan 'e Frije Frânske generaal Jean de Lattre de Tassigny Operaasje Dragoon út, wêrby't se lânje op 'e kust fan súdlik Frankryk .
23 augustus - Kening Michael fan Roemeenje fiert in steatsgreep út, wêrby't de faksistyske diktator Ion Antonescu ôfset en finzen nommen wurdt. Michael kundiget daliks in wapenstilstân mei de Alliëarden ôf, mei as gefolch dat grutte dielen fan it Roemeenske leger oerrinne nei it Reade Leger .
24 augustus - De Dútske Luftwaffe bombardearret de Roemeenske haadstêd Boekarest .
25 augustus - Roemeenje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân .
16 augustus - De Frânske haadstêd Parys wurdt befrijd troch de Alliëarden .
29 augustus - Yn Slowakije brekt in algemiene opstân út tsjin 'e Dútsers .
31 augustus - De Roemeenske haadstêd Boekarest wurdt befrijd troch it Reade Leger yn gearwurking mei oerrûne Roemeenske troepen.
4 septimber - De Belgyske haadstêd Brussel wurdt befrijd troch de Alliëarden .
5 septimber - Yn Nederlân giet it geroft dat de befrijing troch de Alliëarden nei-oan is. Tûzenen kollaborateurs naaie op dizze Mâle Tiisdei út nei it easten.
8 septimber - Bulgarije ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân .
14 septimber - Befrijing fan Maastricht troch de Alliëarden .
15 septimber - De Bulgaarske haadstêd Sofia wurdt befrijd troch it Reade Leger yn gearwurking mei oerrûne Bulgaarske troepen.
15 septimber - Finlân ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân . It begjin fan 'e Laplânske Oarloch .
17 septimber - Yn it ramt fan Operaasje Market Garden , wêrby't de Alliëarden yn ien grutte sprong fanút Belgje oant oer de Grutte Rivieren yn Nederlân komme wolle, brânt de Slach om Arnhim los.
19 septimber - Finlân en de Sovjet-Uny slute de Wapenstilstân fan Moskou . Hjirmei komt in ein oan 'e Ferfolchoarloch .
27 septimber - De Slach om Arnhim einiget yn in nederlaach foar de Alliëarden . Dit is in slimme tebeksetter, dy't betsjut dat de oarloch yn 'e noardlike helte fan Nederlân noch trije fearnsjier langer oanhâlde sil.
28 -30 septimber - De SS rjochtet yn 'e neite fan 'e Italjaanske stêd Bologna ûnder de boargerbefolking it Bloedbad fan Marzabotto oan, wêrby't teminsten 770 minsken fermoarde wurde.
1 oktober - By de Razzia fan Putten wurde 602 manlju út it Nederlânske doarp Putten , op 'e Feluwe , troch de Dútsers ôffierd nei de konsintraasjekampen (dêr't mar 48 út weromkeare sille). Dit by wize fan represaille nei in oanfal op in Dútsk konfoai troch it Nederlânske ferset .
2 oktober - Yn Poalen smoare de Dútsers de Opstân fan Warsjau yn bloed, wylst it Reade Leger sûnder yn te gripen fan 'e oare kant de rivier de Weichsel tasjocht. (De opstân wie gjin kommunistyske ûndernimming, dat dêrom hie Stalin befel jûn om 'e Poalen en de Dútsers inoar mar ôfmeitsje te litten.)
3 oktober - Nei in bombardemint fan 'e Britske RAF op 'e seedyk by Westkapelle brekt op Walcheren wettersneed út, wêrby't 180 Westkapelsters omkomme.
11 oktober - It ûnôfhinklike lân Tannû-Tûva wurdt anneksearre troch de Sovjet-Uny , en wurdt omfoarme ta de Autonome Sovjetrepublyk Tûva .
12 oktober - Nazy-Dútslân ûntrommet de Grykske haadstêd Atene .
14 oktober - De Dútske fjildmaarskalk Erwin Rommel wurdt fanwegen anty-nazistyske sympatyen yn opdracht fan diktator Adolf Hitler twongen om himsels tekoart te dwaan .
14 oktober - Britske troepen tsjogge de Grykske haadstêd Atene binnen.
15 oktober - De Dútsers ûnderdrukke de Slowaakske Opstân .
20 oktober - De Joegoslavyske partizanen fan Josip Broz Tito befrije yn gearwurking mei it Reade Leger de Joegoslavyske haadstêd Belgrado .
23 -25 oktober - Yn 'e Slach by Leyte bringe de Amerikanen de Japanske Keizerlike Marine de genedeslach ta.
8 desimber - By de oerfal op it Hûs fan Bewar yn Ljouwert wurde troch it Fryske ferset 51 finzenen befrijd.
15 desimber - Ein fan 'e Tsjetsjeenske Opstân yn it suden fan 'e Sovjet-Uny .
16 desimber - Begjin fan it Ardinnenoffinsyf yn Belgje en Lúksemboarch , de lêste grutte Dútske fjildtocht fan 'e Twadde Wrâldoarloch .
It lyk fan 'e stânrjochtlik eksekutearre Italjaanske diktator Benito Mussolini (2e fan lofts).
De ruïnes fan it Ryksdeigebou yn Berlyn nei de Slach om Berlyn .
SS -kampbeweksters helje de útmergele lichems fan finzenen fan karren ôf om se yn in massagrêf te begraven yn it Dútske konsintraasjekamp Bergen-Belsen , yn 1945 .
De atoombombardeminten fan Hiroshima (l.) en Nagasaki (rj.).
In útsinnige mannichte fiert yn augustus 1945 de Kapitulaasje fan Japan op Times Square , yn New York .
De Japanske minister fan Bûtenlânske Saken Mamoru Shigemitsu ûndertekenet de Kapitulaasje fan Japan , 2 septimber 1945 .
1945
17 jannewaris - De totaal ferwuostge Poalske haadstêd Warsjau wurdt befrijd troch it Reade Leger .
18 jannewaris - Hongarije kapitulearret foar de Sovjet-Uny .
20 jannewaris - Hongarije ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân .
25 jannewaris - It Dútske Ardinnenoffinsyf wurdt troch de westlike Alliëarden ûnderdrukt.
27 jannewaris - It Dútske ferneatigingskamp Auschwitz wurdt befrijd troch it Reade Leger .
2 febrewaris - Ekwador ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan .
4 -11 febrewaris - Op 'e Konferinsje fan Jalta , op 'e Krim , lizze de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt , de Britske premier Winston Churchill en Sovjet-lieder Josef Stalin de grûnslach foar de nei-oarlochske reorganisaasje fan Jeropa .
7 febrewaris - Paraguay ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan .
13 febrewaris - De Hongaarske haadstêd Boedapest wurdt befrijd troch it Reade Leger .
14 febrewaris - By it Bombardemint fan Dresden troch de Britske RAF wurdt dy Dútske stêd frijwol hielendal ferwuostge
15 febrewaris - Oerûguay en Fenezuëla ferklearje de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan .
19 febrewaris - Amerikaanske mariniers lânje op Iwo Jima . Begjin fan 'e ferheftige Slach om Iwo Jima .
23 febrewaris - Turkije ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan .
24 febrewaris - Egypte ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân .
24 febrewaris - De Filipynske haadstêd Manilla wurdt befrijd troch it de Amerikanen .
26 febrewaris - Syrje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân .
27 febrewaris - Libanon ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân.
febrewaris of maart - Anne Frank komt om yn it Dútske konsintraasjekamp Bergen-Belsen .
1 maart - Saûdy-Araabje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân .
6 maart - De sjef fan 'e SS yn beset Nederlân , Hanns Albin Rauter , rekket by in oanslach slim ferwûne . As represaille wurde troch de Dútsers 263 Nederlânske gizelders fermoarde .
7 maart - De Ludendorffbrücke oer de Ryn by Remagen falt ûnskansearre yn 'e hannen fan 'e Alliëarden .
7 maart - De Alliëarden feroverje Keulen .
12 maart - Noardlik Transsylvaanje , dat yn 1940 troch Hongarije anneksearre waard, wurdt troch de Sovjet-Uny weromjûn oan Roemeenje .
13 maart - Keninginne Wilhelmina fan 'e Nederlannen keart werom op Nederlânsk grûngebiet yn Eede , yn Siuwsk-Flaanderen .
27 maart - Nei it ûnderdrukken fan it lêste Japanske ferset komt der in ein oan 'e Slach om Iwo Jima . Dêrby binne 6.800 Amerikanen sneuvele .
27 maart - Argentynje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan .
1 april - Amerikaanske troepen lânje op Okinawa , yn 'e Rjûkjû-eilannen . Begjin fan 'e Slach om Okinawa .
6 april - Georgyske soldaten yn Dútske tsjinst komme op it Nederlânske Waadeilân Teksel yn opstân .
11 april - Sily ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan .
11 april - It Dútske konsintraasjekamp Buchenwald wurdt befrijd troch it Reade Leger .
11 april - By de saneamde Dronryp-represaille wurde yn it Fryske doarp Dronryp troch de Dútsers 13 finzenen stânrjochtlik eksekutearre as straf foar in sabotaazje -aksje fan it Fryske ferset .
11 april - De earste Alliëarde troepen (Kanadezen ) tsjogge by Wilhelmaoard oer de Fryske Brêge en berikke Noardwâlde .
12 april - It Dútske trochgongskamp Westerbork wurdt befrijd troch de Kanadezen .
12 april - De Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt komt te ferstjerren oan in oerhaal . Hy wurdt opfolge troch syn fise-presidint , Harry Truman .
13 april - It Reade Leger feroveret de Eastenrykske haadstêd Wenen .
15 april - It Dútske konsintraasjekamp Bergen-Belsen wurdt befrijd troch de Britten .
15 april - Fryske Befrijingsdei : mei de befrijing fan Ljouwert is it hiele fêstelân fan Fryslân no befrijd troch de Kanadezen .
15 april - De Nederlânske stêd Arnhim wurdt befrijd troch de Alliëarden .
16 april - It Reade Leger begjint oan 'e Slach om Berlyn .
19 april - Yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân sette de Dútsers de Wieringermar ûnder wetter om 'e opmars fan 'e Alliëarden te kearen.
25 april - Troepen fan it Amerikaanske Leger en it Reade Leger meitsje kontakt oan 'e Elbe by Torgau .
25 april - Italjaanske partizanen meitsje in ein oan 'e Italjaanske Sosjale Republyk fan Benito Mussolini . De diktator sels besiket út te naaien, mar wurdt op syn flecht ynrekkene.
27 april - De Laplânske Oarloch tusken Finlân en nazy-Dútslân einiget mei de folsleine weromlûking fan alle Dútske troepen út Finlân.
28 april - De eardere Italjaanske diktator Benito Mussolini en syn minneresse Claretta Petacci wurde troch it Italjaanske ferset stânrjochtlik eksekutearre .
29 april - It Dútske konsintraasjekamp Dachau wurdt befrijd troch de Amerikanen .
30 april - It Dútske konsintraasjekamp Ravensbrück wurdt befrijd troch it Reade Leger .
30 april - De Dútske diktator Adolf Hitler en syn frou Eva Braun dogge selsmoard .
1 maaie - It Reade Leger plantet de flagge fan 'e Sovjet-Uny op it Ryksdeigebou yn 'e Dútske haadstêd Berlyn .
1 maaie - De stêd Triëst wurdt befrijd troch de Joegoslavyske partizanen fan Josip Broz Tito .
1 maaie - Joseph Goebbels , de Dútske minister fan Propaganda , docht mei syn hiele gesin selsmoard .
2 maaie - De Dútske troepen yn 'e haadstêd Berlyn jouwe har oer oan it Reade Leger : ein fan 'e Slach om Berlyn .
2 maaie - Martin Bormann , de siktaris fan 'e Dútske diktator Adolf Hitler , docht selsmoard .
2 maaie - Yn Belgje keare de sosjalisten har tsjin kening Leopold III , dy't troch syn rol yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn opspraak rekke is. Dit is it begjin fan 'e slepende Keningskwestje .
3 maaie - Britsk-Yndyske troepen tsjogge de troch de Japanners ûntromme Birmeeske haadstêd Rangoon binnen.
5 maaie - Befrijingsdei yn Nederlân : yn Hotel De Wereld , yn Wageningen , ûndertekenje prins Bernhard , de Dútske generaal Johannes Blaskowitz en de Kanadeeske generaal Charles Foulkes de oerjefte fan 'e Dútske troepen yn Nederlân.
5 maaie - Yn Bohemen brekt de Opstân fan Praach út tsjin 'e Dútske SS -troepen dy't dy stêd beset hâlde.
6 maaie - De Opstân fan de Georgiërs op it Nederlânske Waadeilân Teksel wurdt troch de Dútsers bloedich ûnderdrukt. Dêrby fine 570 Georgyske soldaten yn Dútske tsjinst de dea. Mei de sneuvele Dútsers en Tekselders derby komt it totale deadetal op likernôch 1.200.
7 maaie - Kapitulaasje fan nazy-Dútslân : generaal Alfred Jodl ûndertekenet yn Reims de oerjefte oan 'e Alliëarden .
7 maaie - Dútske militêren iepenje yn Amsterdam fanút De Groote Club op De Dam it fjoer op 'e feestfierende mannichte bûtendoar, en rjochtsje dêrmei it Bloedbad op De Dam oan. Der falle 32 deaden.
7 maaie - Utert (stêd) wurdt befrijd troch Britske troepen .
7 maaie - De Nederlânske Prinses Irene Brigade tsjocht De Haach binnen.
7 maaie - Yn Nederlân wurdt Anton Mussert , lieder fan 'e kollaborearjende NSB , oppakt.
8 maaie - Amsterdam wurdt befrijd troch Kanadeeske troepen .
8 maaie - Yn 'e Dútske haadstêd Berlyn wurdt de formele ûndertekening fan 'e Dútske oerjefte holden.
9 maaie - Yn Noarwegen wurdt de kollaborateur Vidkun Quisling oppakt.
23 maaie - Admiraal Karl Dönitz , oan wa't de Dútske diktator Adolf Hitler foar syn selsmoard de macht oerdroegen hie, wurdt yn 'e hechten nommen.
23 maaie - Heinrich Himmler , de lieder fan 'e Dútske SS , docht selsmoard .
11 juny - It Fryske Waadeilân Skiermûntseach is it alderlêste stikje fan Jeropa dat formeel troch de Dútsers oerdroegen wurdt oan 'e Alliëarden .
22 juny - Nei in fearnsjier ferbiten striid feroverje de Amerikanen it Japanske eilân Okinawa , yn 'e Rjûkjû-eilannen . De Slach om Okinawa hat oan 12.500 Amerikanen en oan 110.000 Japanners it libben koste.
26 juny - Op 'e Konferinsje fan San Francisco wurde de Feriene Naasjes oprjochte.
29 juny - De Amerikaanske presidint Harry Truman kart in plan goed dat de ynvaazje fan Japan omfiemet foar 1 novimber o.s.
29 juny - Tsjechoslowakije en de Sovjet-Uny slute in oerienkomst dy't de Sovjet -anneksaasje fan Roeteenje (it uterste easten fan Tsjechoslowakije) regelet.
5 july - De Amerikaanske generaal Douglas MacArthur foltôget de Befrijing fan de Filipinen .
6 july - Poalen en de Sovjet-Uny slute in ferdrach dat de útwikseling fan etnyske Poalen út 'e Sovjet-Uny en etnyske Wytrussen en Oekraïners út Poalen regelet, no't de Sovjet-Poalske grins fier nei it westen ta opskood wurdt.
16 july - By Los Alamos , yn 'e woastyn fan Nij-Meksiko , hâlde de Amerikanen de earste slagge proef mei in atoombom .
16 july -2 augustus - Op 'e Konferinsje fan Potsdam beslute de Amerikaanske presidint Harry Truman , de Britske premier Winston Churchill (healwei de konferinsje nei in ferkiezingsnederlaach ferfongen troch Clement Attlee ) en Sovjet-lieder Josef Stalin ta de opdieling fan Dútslân en de eask foar in oerjefte sûnder betingsten troch Japan .
3 augustus - Atoombombardemint fan Hiroshima : 70.000 oant 80.000 minsken komme daliks om.
6 augustus - Atoombombardemint fan Nagasaki : 35.000 oant 40.000 minsken komme daliks om.
8 augustus - De Sovjet-Uny ferklearret de oarloch oan Japan .
9 augustus - Mongoalje ferklearret de oarloch oan Japan .
15 augustus - Kapitulaasje fan Japan : de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn Aazje en de Stille Oseaan .
17 augustus - Yndoneezje ropt de ûnôfhinklikheid út.
28 augustus - De Amerikaanske generaal Douglas MacArthur arrivearret yn Japan , wêrmei't de Besetting fan Japan begjint.
2 septimber - Offisjele ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch , mei de formele ûndertekening fan 'e kapitulaasje fan Japan , oan board fan it Amerikaanske slachskip de Missouri .
2 septimber - Hồ Chí Minh , de lieder fan 'e kommunistyske organisaasje Viet Minh , ropt de ûnôfhinklikheid fan Fjetnam út.
8 septimber - De earste Amerikaanske troepen lânje yn it suden fan Koreä , dat se neffens de ôfspraak mei de Sovjet-Uny oant de 38e breedtegraad besette sille.
9 septimber - It Japanske leger yn Sina jout him oer.
12 septimber - Alle Japanske troepen yn Súdeast-Aazje jouwe har oer by in seremoanje yn Singapoer .
20 septimber - Yn Britsk-Ynje easkje de lieders fan 'e ûnôfhinklikheidsstriid, Mahatma Gandhi en Jawaharlal Nehru , it weromlûken fan alle Britske troepen .
24 septimber - It Feriene Keninkryk draacht it fraachstik oer wat der barre moat mei it mandaatgebiet Palestina oer oan 'e Feriene Naasjes .
26 septimber - Yn Nederlân fiert minister fan Finânsjes Piet Lieftinck in jildsanearring troch om ynkomsten út swarthannel en oare profitearring ûnder de Twadde Wrâldoarloch ôf te nimmen. Alle papierjild wurdt ûnjildich ferklearre. Om salang fan bestean te kinnen, kriget eltse húshâlding it saneamde Tientsje fan Lieftinck .
29 septimber - De earste Alliëarde (Britske ) troepen lânje op Java , yn Nederlânsk-Ynje .
13 oktober - No't de striid tsjin 'e Japanners foarby is, lôget yn Sina de Sineeske Boargeroarloch tusken nasjonalisten en kommunisten wer op.
13 oktober - Yn Nederlânsk-Ynje brekt de Yndonezyske Revolúsje út, dy't úteinlik liede sil ta de fêstiging fan 'e ûnôfhinklike Republyk Yndoneezje .
20 oktober - Oprjochting fan 'e Arabyske Liga .
24 oktober - Yn Noarwegen wurdt de kollaborateur Vidkun Quisling terjochtsteld .
24 oktober - De Feriene Naasjes begjint mei syn wurk.
24 oktober - Syrje en Libanon wurde formeel ûnôfhinklik fan Frankryk , hoewol't se al langer frijwol selsstannich wiene.
oktober - Ein fan 'e Trêde Koerdysk Arabyske Oarloch yn noardlik Irak .
14 novimber - Begjin fan 'e Prosessen fan Neurenberch tsjin Hermann Göring en in grut tal oare nazy -pommeranten.
29 novimber - Yn Joegoslaavje wurdt de monargy ôfskaft. It lân wurdt omfoarme ta de Sosjalistyske Federale Republyk Joegoslaavje , mei Josip Broz Tito as earste presidint .
Wat der oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch oer is fan 'e Poalske haadstêd Warsjau .
It's a Wonderful Life , in Amerikaanske filmklassiker út 1946 .
De Dútske beklagen by de Prosessen fan Neurenberch .
1946
11 jannewaris - Yn Albaanje wurdt de monargy ôfskaft. It lân wurdt omfoarme ta de Folksrepubyk Albaanje , mei Enver Hoxha as earste presidint .
21 febrewaris - Yn Finlân wurde by de saneamde Oarlochsferantwurdlikheidsprosessen swiere straffen oplein oan politisy dy't yn 1941 ferantwurdlik wiene foar it ferbûn mei nazy-Dútslân . Under harren is ek âld-presidint Risto Ryti , dy't tsien jier finzenisstraf mei twangarbeid oplein kriget.
6 maart - Yn 'e nije Grûnwet fan Japan wurdt de macht fan 'e keizer sterk beheind.
15 maart - It Feriene Keninkryk stimt yn mei de folsleine ûnôfhinklikheid fan Britsk-Ynje .
30 maart - De Grykske Boargeroarloch brekt út tusken it regear en kommunistyske opstannelingen .
7 maaie - Yn Nederlân wurdt NSB -lieder Anton Mussert foar lânferrie terjochtsteld .
25 maaie - Jordaanje (yn 't earstoan noch ûnder de namme Transjordaanje) wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk .
26 maaie - Nei in ferkiezingsoerwinning komme yn Tsjechoslowakije de kommunisten oan 'e macht.
1 juny - Yn Roemeenje wurdt de eardere faksistyske diktator fan dat lân, Ion Antonescu , terjochtsteld .
2 juny - By it Italjaansk referindum oer de monargy stimt in krappe mearderheid tsjin: Itaalje wurdt in republyk . De lêste kening , Umbert II , giet yn ballingskip .
19 juny - Hadj Amyn al-Hûsseini , de grutmûfty fan Jeruzalim , dy't himsels ûnder de Twadde Wrâldoarloch nau ferbûn hie mei nazy-Dútslân , kriget asyl yn Egypte .
4 july - De Filipinen wurde ûnôfhinklik fan 'e Feriene Steaten .
4 july - By it Bloedbad fan Kielce , in anty-Joadske pogrom yn 'e Poalske stêd mei dy namme , komme 39 minsken om
17 july - Yn 'e Joegoslavyske haadstêd Belgrado wurdt generaal Dragoljub Mihailović , de lieder fan 'e yn 'e Twadde Wrâldoarloch mei nazy-Dútslân kollaborearjende Četniks , terjochtsteld .
23 july - De terroristyske Joadske organisaasje Irgun fiert yn it mandaatgebiet Palestina de oanslach op it King David Hotel út, wêrby't 91 deaden falle.
15 septimber - Yn Bulgarije wurdt kening Simeon II ôfset. It lân wurdt omfoarme ta de Folksrepublyk Bulgarije .
1 oktober - Yn 'e Prosessen fan Neurenberch wurde deafûnissen útsprutsen tsjin Hermann Göring , Joachim von Ribbentrop , Wilhelm Keitel , Ernst Kaltenbrunner , Alfred Rosenberg , Hans Frank , Wilhelm Frick , Fritz Sauckel , Alfred Jodl , Julius Streicher en Arthur Seyss-Inquart . Lange finzenisstraffen wurde oplein oan Rudolf Hess , Walther Funk , Erich Raeder , Albert Speer , Baldur von Schirach , Konstantin von Neurath en Karl Dönitz . Hjalmar Schacht , Franz von Papen en Hans Fritzsche wurde frijsprutsen.
16 oktober - Yn Neurenberch wurde de op 1 oktober l.l. útsprutsen deafûnissen útfierd. Hermann Göring wit oan 'e ophinging te ûntkommen troch koart tefoaren selsmoard te dwaan troch in him tasmokkele syaankalypil yn te nimmen.
27 oktober - By ferkiezings yn Bulgarije komme de kommunisten oan 'e macht.
23 novimber - De Frânske marine besjit by it saneamde Ynsidint fan Hải Phòng de opstannige Fjetnameeske stêd Hải Phòng , wêrby't mear as 6.000 Fjetnameeske boargers omkomme.
19 desimber - Yn Fjetnam brekt de Earste Yndosineeske Oarloch út tusken de Viet Minh , in kommunistyske organisaasje dy't stribbet nei ûnôfhinklikheid, en de Frânske koloniale machthawwers.
It flot de Kon-Tiki , wêrmei't de Noarske antropolooch Thor Heyerdahl yn 1947 fan Perû nei Frânsk-Polyneezje fear.
Amerikaanske útjeften yn 'e ûnderskate Jeropeeske lannen yn it ramt fan it Marshallplan .
Rita Hayworth wie ien fan 'e populêrste aktrises út 'e jierren fjirtich.
1947
1 jannewaris - De Benelúks wurdt oprjochte, besteande út in dûane-uny tusken Nederlân , Belgje en Lúksemboarch .
10 jannewaris - De Frije Stêd Triëst komt ûnder tafersjoch fan 'e Feriene Naasjes te stean.
19 jannewaris - By ferkiezings yn Poalen komme de kommunisten oan 'e macht.
8 febrewaris - De Njoggende Alvestêdetocht wurdt wûn troch Jan W. van der Hoorn yn in tiid fan 10 oeren en 51 minuten .
10 febrewaris - Yn Parys wurde fredesferdraggen sletten tusken de Alliëarden en de eardere bûnsgenoaten fan nazy-Dútslân : Itaalje , Roemeenje , Bulgarije , Hongarije en Finlân .
1 maart - It Ynternasjonaal Monetêr Fûns set út ein mei syn wurk.
10 maart - In konferinsje fan 'e Sovjet-Uny , de Feriene Steaten , it Feriene Keninkryk en Frankryk yn Moskou mislearret as der gjin oerienstimming berikt wurde kin op it mêd fan te sluten fredesferdraggen mei Dútslân en Eastenryk .
12 maart - De Amerikaanske presidint Harry Truman stelt in nij bûtenlânsk belied foar de Feriene Steaten foar, dat rjochte is op 'e beheining fan 'e fersprieding fan it kommunisme . Dit komt bekend te stean as de Truman-doktrine .
2 april - De Feriene Naasjes skikke de Feriene Steaten it mandaat (koloniaal bewâld) ta oer de eardere Japanske besittings yn 'e Stille Oseaan : de Noardlike Marianen , de Marshalleilannen , Mikroneezje en Palau .
16 april - By de nitraatramp fan Texas City komt in lading nitraat oan board fan in frachtskip yn 'e haven fan Texas City , yn 'e Amerikaanske steat Teksas , ta ûntploffing. Der komme mear as 581 minsken om, wêrûnder op ien man nei de hiele brânwacht fan 'e stêd.
18 april - Yn Tsjechoslowakije wurdt de kollaborateur Jozef Tiso , de eardere presidint fan 'e Dútske fazalsteat Slowakije , terjochtsteld .
28 april -7 augustus - De Noarske antropolooch Thor Heyerdahl en ferskate oaren sile mei it selsboude flot de Kon-Tiki fan Perû nei Frânsk-Polyneezje om te bewizen dat it mooglik is dat lju út Súd-Amearika yn pre-kolumbiaanske tiden Polyneezje kolonisearre hawwe.
3 juny - Lord Mountbatten , de ûnderkening fan Britsk-Ynje , komt mei it plan op 'e lapen om 'e koloanje op te spjalten yn in hindoesteat , Yndia , en in moslimsteat , Pakistan .
4 juny - Yn in taspraak op 'e Universiteit fan Harvard oppenearret de Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken George Marshall it plan om Jeropa struktureel en op grutte skaal finansjele help te bieden by de weropbou nei de Twadde Wrâldoarloch . Dit plan komt bekend te stean as it Marshallplan .
25 juny - Yn Amsterdam wurdt Het Achterhuis publisearre, it deiboek fan it Joadske famke Anne Frank .
21 july -5 augustus - Nederlân komt yn Nederlânsk-Ynje militêr fanwegen tsjin Yndonezyske ûnôfhinklikheidsstriders yn 'e Earste Polisjonele Aksje .
14 augustus - Pakistan wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk .
15 augustus - Yndia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk .
23 augustus - Yn Bulgarije wurdt opposysjelieder Nikola Petkov , de foaroanman fan 'e Boerepartij , nei in showproses troch de kommunisten terjochtsteld .
31 augustus - By ferkiezings yn Hongarije komme de kommunisten oan 'e macht.
13 septimber - De Yndiaaske premier Jawaharlal Nehru stelt foar om mei Pakistan 4 miljoen moslims 'te ruiljen' foar 4 miljoen hindoes en sikhs . By dy (tige gewelddiedich ferrinnende) befolkingsruil sille oant 31 desimber o.s. mear as 250.000 minsken de dea fine.
14 oktober - Boppe de Mojave-woastyn yn Kalifornje trochbrekt de Amerikaanske piloat Charles E. Yaeger yn syn strieljager fan it type Bell XS-1 foar it earst de lûdsbarriêre .
20 oktober - Begjin fan 'e Twadde Reade Panyk yn 'e Feriene Steaten . It Komitee oangeande Unamerikaanske Aktiviteiten fan it Hûs fan Offurdigen (HUAC) stelt harksittings yn om 'e fermiende ynfiltraasje fan 'e filmyndustry fan Hollywood troch kommunisten te ûndersykjen.
22 oktober - De Earste Yndiaask-Pakistaanske Oarloch brekt út oer de Kwestje-Kasjmier .
26 oktober - Anneksaasje fan Kasjmier troch Yndia . Dit bart tsjin 'e wil fan 'e befolking , dy't foar it oergrutte part út moslims en bestiet en by Pakistan hearre wol.
30 oktober - Yn Sjenêve wurdt troch 23 lannen de Algemiene Oerienkomst oangeande Tariven en Hannel (GATT) ûndertekene.
5 novimber - De Hongaarske opposysjelieder Zóltan Pfeiffer en de Poalske fise-premier Stanisław Mikołajczyk nimme de wyk nei West-Jeropa .
11 novimber - Yn Roemeenje wurdt Iuliu Maniu , de lieder fan 'e Boerepartij , feroardiele ta libbenslange finzenisstraf .
29 novimber - De Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes kart it plan goed om it mandaatgebiet Palestina op te spjalten yn in Joadske en in Arabyske steat.
30 novimber - Kening Michael fan Roemeenje wurdt troch de kommunisten twongen en doch ôfstân fan 'e troan . It lân wurdt omfoarme ta de Folksrepublyk Roemeenje .
30 novimber - De Boargeroarloch yn Palestina tusken Joaden en Arabieren brekt út.
9 desimber - Nederlânske troepen rjochtsje yn it ramt fan 'e Polisjonele Aksjes op Java , yn Nederlânsk-Ynje , it Bloedbad fan Rawagede oan, wêrby't 431 boargers fermoarde wurde.
15 desimber - It Saarlân wurdt losmakke fan 'e rest fan Dútslân. It wurdt in Frânsk protektoraat , it Protektoraat Saarlân .
De grutte foarfjochter fan 'e ûnôfhinklikheid fan Britsk-Ynje , Mahatma Gandhi .
David Ben-Gurion ferklearret Israel yn 1948 ta in ûnôfhinklik lân.
1948
4 jannewaris - Birma wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk .
17 jannewaris - Yn New York begjint in showproses tsjin alve leden fan it polytburo fan 'e Kommunistyske Partij fan de Feriene Steaten fan Amearika (CPUSA).
30 jannewaris - Moard op Mahatma Gandhi yn 'e Yndiaaske haadstêd Nij-Delly troch in ekstremistyske hindoe .
4 febrewaris - Seylon (Sry Lanka) wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk .
25 febrewaris - By in steatsgreep yn Tsjechoslowakije lûke de kommunisten alle macht nei harren ta.
31 maart - De Sovjet-Uny begjint mei it beheinen fan it kontakt tusken de Alliëarde besettingssônes yn West-Dútslân en de Alliëarde besettingssônes yn West-Berlyn .
3 april - It Marshallplan giet yn: in grutskalich ekonomysk helpprogramma fan 'e Feriene Steaten om 'e weropbou fan Jeropa te fasilitearjen.
30 april - Op 'e 9e Panamerikaanske Konferinsje yn 'e Kolombiaanske haadstêd Bogotá wurdt besletten ta de oprjochting fan 'e Organisaasjes fan de Amerikaanske Steaten (OAS).
1 maaie - De Grykske minister fan Justysje Christos Ladas komt om by in moardoanslach troch kommunistyske opstannelingen .
6 maaie - It Grykske regear lit 43 kommunistyske opstannelingen eksekutearje , mar ûntkent dat it om in represaillemaatregel giet foar de moard op minister fan Justysje Christos Ladas , 5 dagen earder.
14 maaie - Israel wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk .
15 maaie - De Earste Arabysk-Israelyske Oarloch brekt út tusken Israel oan 'e iene kant en Jordaanje , Egypte , Syrje , Irak , Libanon , Saûdy-Araabje en Noard-Jemen oan 'e oare kant.
19 juny - De Sovjet-Uny stelt de Blokkade fan Berlyn yn.
20 juny - Ynfiering fan 'e Dútske mark (DM) as muntienheid yn 'e trije westlike besettingssônes fan Dútslân .
25 juny - De Feriene Steaten , Grut-Brittanje en Frankryk stelle yn it ramt fan 'e Blokkade fan Berlyn troch de Sovjet-Uny in loftbrêge yn om harren besettingssônes yn Berlyn te befoarriedzjen.
28 juny - Joegoslaavje wurdt út 'e ynternasjonale kommunistyske organisaasjes set dy't laat wurde troch de Sovjet-Uny . Josip Broz Tito , de presidint fan Joegoslaavje, en de oare lieders fan dat lân, wurde derfan beskuldige dat se "anty-Sovjet-opfettings [hawwe] dy't net te ferienjen binne mei it marxisme -leninisme ." Mei oare wurden: Tito-en-dy litte har te min gelegen lizze oan wat Moskou wol.
15 augustus - De Republyk Koreä (Súd-Koreä) wurdt ûnôfhinklik.
9 septimber - De Demokratyske Folksrepublyk Koreä (Noard-Koreä) wurdt ûnôfhinklik.
22 septimber - Yn Jeruzalim wurde de Sweedske greve Folke Bernadotte , de spesjale gesant fan 'e Feriene Naasjes yn Palestina , en de Frânske kolonel André Sérot , de haadwaarnimmer foar de Feriene Naasjes, fermoarde troch Joadske terroristen .
1 desimber - It Arabysk Kongres fan Palestina ropt kening Abdûlla I fan Jordaanje út ta kening fan Palestina . It is de bedoeling dat er Palestina en Transjordaanje as in personele uny regearje sil.
8 desimber - Kening Abdûlla I fan Jordaanje leit protesten fan 'e Arabyske Liga njonken him del en anneksearret de Arabyske dielen fan Palestina , dy't no part fan Jordaanje wurde.
10 desimber - Yn Parys kart de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes de tekst goed fan 'e Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske .
19 -20 desimber - Nederlân komt yn Nederlânsk-Ynje militêr fanwegen tsjin Yndonezyske ûnôfhinklikheidsstriders yn 'e Twadde Polisjonele Aksje .
23 desimber - Yn Tokio wurde de eardere Japanske premier Hideki Tojo en seis oaren dy't foar oarlochsmisdieden yn 'e Twadde Wrâldoarloch feroardiele binne, troch ophinging terjochtsteld .
Mao Zedong ropt yn 1949 yn Peking de Folksrepublyk Sina út.
1949
Boarnen, noaten en referinsjes